Culeman waard yn in famylje fan Dútske teologen berne as soan fan in Dútske dûmny en dy syn frou A.C.J.E. Culeman-Schüler. Syn pake wie sindeling op Sumatra. Culeman sr. wegere yn 1934 de eed op nazy-Dútslân ôf te lizzen. De húshâlding flechte yn 1936 nei Nederlân en krige de Nederlânske nasjonaliteit. Culeman sr. studearre genêskunde en fêstige him as dokter yn Amsterdam.
Culeman wurke in skoft by de KLM en folge de privee-oplieding Akademie voor Dramatische Kunst. Nei't er mei Jan Velzeboer Huis clos opfierd hie krige er yn 1947 in kontrakt oanbean by it Nederlands Volkstoneel. Hy spile ûnder oare yn Op hoop van zegen (Barend) en Maria Stuart (Mortimer) fan Friedrich von Schiller. Healwei de jierren fyftich gie Culeman dêrneist foar telefyzje oan't wurk.
Culeman ferstoar yn de âldens fan 46 jier yn syn klaaikeamer oan in hertoanfal, by in opfiering fan De zottin van Chaillot ('La Folle de Chaillot') fan Jean Giraudoux, yn de Haachske Skouboarch.[7] Hy waard beïerdige op Oud Eik en Duinen yn De Haach.
Priveelibben
Culeman wie fiif jier troud mei de juriste Maja Krans (1927 -2016) en soe 21 jier in ferhâlding hân hawwe mei de aktrise Elly van Stekelenburg[8]. Twa jier nei syn dea waard bekend dat er in dochter hie by in net bekend bleaune aktrise.