In hânboek is in publikaasje dy’t de stân fan saken yn in wittenskip, op in wittenskipsmêd of in dieldissipline werjout.
Skaaimerken
- Oan in hânboek wurde neffens A.O. Kouwenhoven benammen twa easken steld: folsleinens en by de tiid wêzen.[1]
- Folsleinens It hânboek heart in akkuraat oersjoch te jaan fan it hiele wittenskipsmêd. De auteur moat dêr in soad ekspertize foar hawwe, en by de hjoeddeiske stân fan saken yn in soad wittenskippen is dat in swiere eask. De oplossings dy’t foar dat probleem fûn binne, binne fan twadderlei aard. Yn it foarste plak wurdt wol gearwurke troch in tiim fan learden, elk spesjalisearre op in dielmêd fan de bewuste dissipline. In twadde mooglikheid is dat it hânboek noch hieltyd troch ien auteur skreaun wurdt, mar him no beheind ta it dielmêd fan de bewuste wittenskip; dêrmei is it hânboek spesjalistysker wurden.
- By de tiid wêzen De akkuratesse bringt njonken folsleinens ek mei dat de beane ynformaasje up-to-date is. Ek yn dat opsicht wurde oan de auteur(s) hege easken oangeande fakkennis en literatuerbehearsking frege: de stof moat ommers safolle mooglik bywurke wêze oant de datum fan publikaasje. Dat fereasket tagelyk in effisjint plenningsskema by de útjouwer.
- Yn ûnderwiiskontekst moat in hânboek boppedat oanpast wêze oan it (begryps-)nivo fan de learlingegroep dêr’t it foar bedoeld is. It moat nei ûnderwerpen en útwurking sekuer oanslute by it oanbelangjende learplan foar dat fak.
Komôf
It wurd hânboek is in lienoersetting fan it Grykske encheiridion (dat wat jo yn de hân hâlde, fan χείρ, cheir, “hân"). It is yn in soad talen oernommen, en dêrtroch is it net mear mooglik nei te gean lâns hokker paad it yn it Frysk en Nederlânsk kommen is.[2]
Besibbe begripen
In hânlieding is hiel wat oars as in hânboek; dat is earder in soarte gebrûksoanwizing. It wurd hânboek wurdt foar it oare wolris, wat sleau, yn tige romme sin brûkt, mar dat is yn striid mei it brûken yn de ynformaasjewittenskip.
In fademekum is in boek mei gauris technyske ynformaasje yn hânsum formaat.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ A.O. Kouwenhoven, Inleiding tot de bibliografie, Assen 1981—
- ↑ Nicoline van der Sijs, Groot leenwoordenboek, Antwerpen/Utert 2005, s. 482; se basearret har op Louis Deroy, L’emprunt linguistique, Parys 1956.
|