De grutte Japanske boskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus speciosus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan de mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat allinnich mar foarkomt yn Japan. It ferspriedingsgebiet fan dizze soarte omfiemet de fjouwer Japanske haadeilannen Honsjû, Sjikokû, Kjûsjû en Hokkaido en ferskate lytsere eilannen.
Besibskip mei oare soarten
De grutte Japanske boskmûs is nau besibbe oan ferskate oare boskmûzesoarten fan 'e Alsomys-groep (de Aziatyske boskmûzen), lykas de Koreaanske boskmûs (Apodemus peninsulae), dy't ek op Hokkaido foarkomt, mar net oan 'e lytse Japanske boskmûs (Apodemus argenteus), dy't op himsels in oare haadgroep binnen it boskmûzeskaai foarmet.
Taksonomy
It is net alhiel dúdlik hoe't de grutte Japanske boskmûs him ferhâldt ta guon earder op 'e Japanske eilannen fêststelde soarten as Apodemus ainu, Apodemus miyakensis en Apodemus navigator; it kin wêze dat dat ûndersoarten fan 'e grutte Japanske boskmûs binne, mar mooglik binne it ek wittenskiplike synonimen. Fan 'e grutte Japanske boskmûs binne yn Japan fossilen fûn dy't datearje fanôf it Midden-Pleistoseen.
Boarnen, noaten en referinsjes