Dizze side giet oer it ravyn yn 'e súdwestlike Feriene Steaten. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grand Canyon (betsjuttingsside).
De Grand Canyon (Ingelsk foar "Grut Ravyn"; Hopy: Ongtupqa; Javapai: Wi:ka’i:la; Spaansk: Gran Cañón) is in reuseftich steilsidich ravyn dat troch de rivier de Kolorado yn it lânskip útsnien is yn it noardwestlike part fan 'e AmerikaanskesteatArizona. Dit ravyn is 446 km lang, op guon plakken oant 29 km breed en op it djipste punt 1.857 m djip. Tûzenen jierren lang waard de Grand Canyon bewenne troch lânseigen Yndiaanske stammen. Yn 1540 arrivearren de earste Jeropeänen der, út Meksiko wei. Yn 1919 waard troch de Amerikaanske presidintWoodrow Wilson it Nasjonaal Park de Grand Canyon stifte, dat it grutste part fan it ravyn omfiemet. Tsjintwurdich stiet de Grand Canyon wiid en siid bekend om syn prachtige fiergesichten en syn kleurrike lânskip, en is it ien fan 'e populêrste toeristyske trekpleisters yn 'e Feriene Steaten.
Geology
De Grand Canyon waard foarme troch de streaming fan 'e rivier de Kolorado en ferskate sydrivieren, dy't djip yn it lân ynsniene wylst it Koloradoplato stadichoan omheech kaam. Dêrtroch is yn 'e wanden fan it ravyn foar hast 2 miljard jier oan geologyskeskiednis bleatlein. Hoewol't de presize geologyske prosessen dy't ta de foarming fan it ravyn laten noch altyd in kwestje fan debat binne ûnder saakkundigen, liket resint bewiismateriaal oan te jaan dat de rivier de Kolorado teminsten 17 miljoen jier lyn begûn is mei it útsnijen fan it ravyn yn it omlizzende lân.
Op 30 juny1956 fûn yn 'e Grand Canyon it oant doe ta deadlikste ûngelok plak yn 'e skiednis fan 'e loftfeart. Dêrby kamen twa passazjiersfleantugen, in Lockheed Super Constellation fan TWA en in Douglas DC-7 fan United Airlines, yn 'e loft mei-inoar yn botsing. De brokstikken fan beide fleantugen stoarten del yn it eastlike diel fan 'e Grand Canyon, dêr't rêdingswurkers en ûndersikers der klauwen oan hiene om der by te kommen. By dizze fleanramp kamen alle 128 passazjiers en bemanningsleden oan board fan beide fleantugen om it libben.
Toerisme
De Grand Canyon stiet bekend om syn prachtige fiergesichten en kleurrike lânskip. Sadwaande is ien fan 'e grutste natuerlike toeristyske trekpleisters fan 'e wrâld. Jiers komme der sa'n 5 miljoen besikers del, wêrfan 83% út 'e Feriene Steaten, 3,8% út Grut-Brittanje, 3,5% út Kanada, 2,1% út Japan, 1,9% út Dútslân en 1,2% út Nederlân. De Súdrâne fan 'e Grand Canyon is it hiele jier rûn iepen foar publyk, salang't de waarsomstannichheden dat talitte. De Noardrâne is iepen fan mids maaie oant mids oktober.
De Walapai Stamme hat yn 2007 yn it diel fan it ravyn dat op harren gerjochtichheid leit de saneamde Grand Canyon Skywalk iepene, in soarte fan oerhingjend balkon mei in glêzene flier, dy't útstekt oer de Súdrâne fan 'e Grand Canyon. Hoewol't dêr in protte krityk op kommen is om't it de natoerskientme fan it gebiet bedjerre soe, foarmje de toeristen dy't inoar ferkringe om har foar $85 de persoan op 'e Skywalk te weagjen, in breanedige boarne fan ynkomsten foar de needlijende stamme.
Behalven om fan it útsicht te genietsjen, komme toeristen ek nei de Grand Canyon ta om te hurddraven, kuierjen, kampearjen en wyldwetterfarren. Ek toers per helikopter binne tige populêr. Fierders wurde der troch de boaiem fan it ravyn tochten per mûldier oanbean. Guon lju besykje en klim yn ien dei fan 'e râne omleech nei de rivier en dan werom omheech nei de râne. Soks wurdt troch de autoriteiten ûntmoedige, fanwegen de grutte ôfstân, de steile en rotsige paadsjes, it hichteferskil, en it gefaar foar sinnestek troch de folle hegere temperatueren op 'e boaiem fan it ravyn. Elts jier moatte tsientallen râne-rivier-râne-reizgers út 'e Grand Canyon rêden wurde. Fierders wurdt op jierlikse basis yn 'e Grand Canyon de Grand Canyon Ultra Maraton holden, in hurddraafwedstryd oer 126 km yn 24 oeren.