Norman Graham Hill (Londen, 15 febrewaris 1929 - Arkley, 29 novimber 1975) wie in Britsk autokoereur, foaral bekend troch syn aktiviteiten yn de Formule 1, wêr't hy twa kear wrâldkampioen fan waard en fiif kear de Grutte Priis fan Monako wûn, wat him de bynamme 'Mister Monako' oplevere. Graham Hill is de heit fan Formule-1 wrâldkampioen Damon Hill. Graham Hill kaam yn 1975 om by in fleantúch ûngemak.