Gonny Gaakeer

Gonny Gaakeer
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gonny Yke Aukje Gooitsche Romkje Emmanuëla Eugénie Pieternella Geertruida Jacoba Johanna Ellen Yvonne Sjoerdina Gaakeer.
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 28 maaie 1971
berteplak Ljouwert
jierren aktyf 1996-no
offisjele webside
Hiemside

Gonny Gaakeer (Ljouwert, 28 maaie 1971) is in Nederlânsk aktrise.

Biografy

As iennich bern fan twa skieden âlden gie se nei in bernedeiferbliuw en legere skoalle yn it sintrum fan Ljouwert. Sy krige op de Ljouwerter Sint Anthonyskoalle de rol fan prinses Stella. Har mem wie in Siuw en har heit in Fries. By har beppe yn Langsweagen learde hja Frysk, al wie dat mei in aksint út de Wâlden. Se krige letter ek boeken oarikt fan har goede freon Michaël Zeeman en lies poezij fan Douwe Tamminga, Albertina Soepboer en Tsjêbbe Hettinga. Sadwaande kaam se ek yn Fryske films.
Se folge de balletoplieding fan Tessa Wijdeveld. Letter ferhuze se mei har mem nei Frjentsjer. Nei de hafû yn Frjentsjer siet se in jier op de dûnsakademy yn Arnhim dêr't se in oplieding ta dûnsdosint folge. Dêrnei folge in ienjierrige oplieding ta Teater Foarmingsklasse yn Amsterdam. Yn 1992 begjint se oan de Toanielakademy yn Maastricht (1992-1996).
Yn har lêste jier makke se har debút op it wite doek yn de film De Zeemeerman. Ellen ten Damme hie rekkene op dy rol, mar produsint Rob Houwer keas foar Gaakeer.

Toaniel

Gaakeer spilet geregeldwei yn toanielfoarstellings. By Tryater spile se bygelyks yn Trije Susters, Drie Zusters fan Tsjechov. Yn 2009 en 2010 spile se yn Zeeuwse Vrouwen fan Productiehuis Zeelandia dêr't se de rol fan lânarbeidster Marie út 1914 spile. Se bewurke it boek fan Kees Slager ta dit teäterstik. Foar 2012 skreau se mei Julia de Graaff in nij konsept foar in toanielstik.

Filmografy

  • 1996: De Zeemeerman - twa rollen, Julie en Natasja
  • 1996: Baantjer (tf) - Yvonne Huppel
  • 1997: All Stars (tf) - Sipje Boes
  • 1997: 12 steden, 13 ongelukken (tf) - Joyce
  • 1997: Lovely Liza - Liza
  • 1997: Bennie (tf-rige) - stim fan Bennie
  • 1998: Het land van voldongen feiten (tf) - Caro Ruys
  • 1999: De keerzijde (tf) - Ilse van de Klok
  • 1999: Kruimeltje - De aardige mefrou
  • 2000: De Bitterzoet (tf) -
  • 2000: Russen (tf) - Masha ten Hag
  • 2001: Saint Amour - Christine
  • 2001: Storm in mijn hoofd' - Cordelia
  • 2001: Nynke - Sjoukje Oosterbaan
  • 2002: Schiet mij maar lek - Lennie
  • 2002: Intensive Care - Christa Oosterhoek
  • 2002: Sam sam (seizoen 1, ôflevering 9) - Dominique
  • 2004-2005: Het glazen huis (tf-rige) - Suze Ligvoet
  • 2005: Flirt - Pien
  • 2006: Sportman van de Eeuw - De âlde Marietje
  • 2007: Dankert & Dankert - Karin, offisier fan justysje mei Peter Tuinman
  • 2008: Snuf de hond in oorlogstijd - Maeve
  • 2008: Snuf de hond - Maeve
  • 2009: 13 in de oorlog - Thea de Vries
  • 2010: De Troon (tf-rige) - Sophia
  • 2010: Sprakeloos - Judith
  • 2010: Verborgen verhalen - Mem fan Nancy
  • 2011: De sterkste man van Nederland - Lydia
  • 2012: Flikken Maastricht (tf-rige) - Marijke Scheffers
  • 2012: Moordvrouw (tf) - Frou Warmink
  • 2012: Temps de pose - Kirstin Lohmann
  • 2012: De Groeten van Mike! - Mem fan Jeroen
  • 2013: Homunculus - Sophie
  • 2013: Speling van het Licht (nl) - Carolien
  • 2013: De jongen die dacht dat hij goed was zoals hij was (tf) - Jenny
  • 2014: Super ego (tf) - Masseuze Britt
  • 2014: Mord mit Aussicht - Lieke van Uffelen
  • 2015: Jeuk - Gonny
  • 2015: Welkom Thuis (tf) - Monique
  • 2015: Meuchelbeck (tf) - Linda
  • 2015: Blauw (tf) - Anna Grovers
  • 2016: Rentnercops: Jeder Tag zählt! - Uschi Buck
  • 2017: De 12 van Oldenheim (tf) - Frou Schuitemaker
  • 2017-2018: Nieuwe tijden (tf) - Bernadette van Panhuys
  • 2018: Wij (tf) - Danielle, mem fan Femke
  • 2019: Keizersvrouwen (tf) - patolooch-anatoom

Foar de folsleine filmografy sjoch IMDB-profyl Gonny Gaakeer

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!