Yn ‘e jierren tritich luts Hauptmann him hieltiten mear werom út it publike libben. Hy liet him net út oer it nasjonaalsosjalisme. Yn 1946 stoar er yn ‘e âldens fan 83 jier yn syn bertekontreien Sileezje, dat ûnderwilens yn Poalske hannen kommen wie en dêr’t de measte Dútsers ferdreaun waarden nei Dútslân. Hauptmann mocht net yn Sileezje begroeven wurde en waard letter byset yn in kleaster yn it Dútske Hiddensee.[1]