Gerben Abma (29 maart 1932, Folsgeare - 5 desimber 2016, Amsterdam) wie in Frysk histoarikus en skriuwer.
Biografy
Abma wie it sechde bern út in kalvinistyske boerehúshâlding dy't úteinlik tsien bern telle soe. Syn broer Willem Abma (1942-2024) wie ek skriuwer.
Hy gie nei de HBS-B, helle dêrnei it steatseksamen gymnasium-A en studearre teology oan de Universiteit fan Amsterdam. Nei syn kandidaatseksamen besleat er fan stúdzjerjochting te feroarjen. Hy studearre ôf yn skiednis en helle dêrnjonken ek noch in diploma wittenskiplik argyfamtner. Yn 1980 promovearre Abma oan de Frije Universiteit Amsterdam op it proefskrift Geloof en politiek: confessionele partijvorming in Friesland: ontstaan en eerste jaren (1852-1871).
Al yn syn studintetiid sette Abma mei de skriuwerij útein. Wurk fan him ferskynde ûnder oaren yn de tydskriften It Heitelân, Stiennen Man en Stim fan Fryslân. Yn 1962 debutearre er mei de roman De útfanhuzer dy't net sa bêst ûntfongen waard. De Gersridders (1969) wûn lykwols de earste priis fan de Kristlik Fryske Folks Bibleteek en waard útjûn as premyboek. Dêrneist besocht Abma om de kontakten tusken Fryske en Nederlânske skriuwers te ferbetterjen. Hy rjochte yn 1967 mei Feijo Sixma van Heemstra en Josse de Haan it twatalige tydskrift A-wyt op, dat goed twa jier letter al wer opheft waard. Syn stikken ferskyden dêryn ûnder de skûlnamme G. Jelles.[1] Abma ûntjoech him ta in polemist dêr't men benaud foar wie, mar begûn yn 1971 in rjochtsaak doe't er troch kollega-skriuwer Jo Smit "in moreel defect minske" en "in troch en troch sik en teheistere brein" neamd waard, fanwege syn hurde oanfal op Freark Dam. Smit kaam der mei in boete fan 50 gûne fan ôf.[2][3]
Abma wie skiednislearaar te Ljouwert en oan de ryksskoallemienskip Magister Alvinus te Snits. Teffens wie er haadredakteur en einredakteur fan de Encyclopedie van het hedendaagse Friesland (1975), in twadielige ensyklopedy oer Fryslân, útjûn troch Van Seijen út Ljouwert. Mei kollega haadredakteur Klaas Jansma hie er yn 1974 al Dwalend door het Hoge Noorden skreaun, in gids foar it Lauwersmar en omkriten.
Nei syn pinsjonearring sette er him nei wenjen yn Amsterdam, yn septimber 1991,[4] dêr't er in skoft duo-riedslid foar it CDA yn de dielried fan Amsterdam-Sintrum wie.[5] Abma stoar op 84-jierrige leeftyd yn Amsterdam.[6]
Bibliografy
- De útfanhuzer (1962)
- De Gersridders (1969)
- De nacht fan in leechrinner (1973)
- Leafde op bitter lemon (1973)
- Dwalend door het Hoge Noorden : gids voor het Lauwersmeer e.o. (1974)
- Encyclopedie van het hedendaagse Friesland (1975), haad- en einredaksje
- Geloof en politiek : confessionele partijvorming in Friesland : ontstaan en eerste jaren(1852-1871) (1980) (proefskrift)
- Ljouwerteradiel : de voortreffelijckste voorstemmende ende meest contribuerende grietenije van Oostergo (1984)
- Onze vaderlandse geschiedenis (1987) (meiwurker)
- Tweehonderd jaar geschiedenis van de Nederlandse landbouw (1987) (meiwurker)
- Hoedemaker herdacht (1989) ISBN 90-259-4414-0 (mei Jan de Bruijn)
- Himmelumer Aldefurd en Noarwâlde: in tal aspekten fan de skiednis fan in eardere gritenij (1992) ISBN 90-6171-753-1
- Het St.-Annaleen te Makkum (1995)
- Jelke Bruinsma 1916-1983: ondernemend dominee in het (recreatie)dorp Gaastmeer 1948-1981 (2000) ISBN 90-9013962-1
- De Brek (2005) ISBN 90-6570-363-2
Ferskaat
Abma wie figurant yn de film Voor een verloren soldaat (1992) fan Roeland Kerbosch.[4]
Oer Gerben Abma
- Gjalt Zondergeld: 'Levensbericht Gerrit Abma'. Yn: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde te Leiden, 2016-2017, siden 55-65
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ In Fryske provo fan adel, troch Pieter de Groot, yn Ljouwerter Krante, 16 july 1999
- ↑ Mr. Kuipers wie syn tiid foarút, troch Pieter de Groot, yn Ljouwerter Krante, 16 novimber 2004
- ↑ De ivige jeugdsûnde driuwt de kollumnist, troch Pieter de Groot, yn Ljouwerter Krante, 18 jannewaris 1993
- ↑ 4,0 4,1 Filmers over Laaksum: dit zie je alleen in het buitenland, troch Sietse de Vries, yn Ljouwerter Krante, 19 septimber 1991
- ↑ 'It is bedroevend sa't wy ús kultuer ûnderhâlde', troch Sietse de Vries yn Ljouwerter Krante, 18 novimber 2005
- ↑ Webside fan Omrop Fryslân: Skriuwer Gerben Abma is ferstoarn (sjoen op 7-12-2016)
|