Friedrich Nietzsche, folút Friedrich Wilhelm Nietzsche, waard berne yn Röcken, súdwest fan Leipzig. Hy wie de soan fan Karl Ludwich Nietzsche, in dûmny, dy't op 30 july1849 ferstoar doe't Friedrich noch mar fjouwer jier âld wie. Yn 1850 ferfear de húshâlding nei Naumburch.
De lêste tsien jierren fan syn libben waard er geastlik swakker. Der wurdt wol tocht dat er troch it gefjocht tusken syn tinzen sljochtsinnich wurden wie, mar eksperten hâlde it no meast op in fysyke oarsaak. Nei't er jierren siik west hie, ferstoar er 1900 yn Weimar.
Bibliografy
1872 - Die Geburt der Tragödie ("De berte fan de Trageedzje")
1872 - Ueber die Zukunft unserer Bildungsanstalten ("Oer de Takomst fan ús Underwiisynstellings")
1889 - Nietzsche contra Wagner ("Nietzsche kontra Wagner")
Fryske oersettings
Yn 2007 hat dr. Eric Hoekstra de wurken Also sprach Zarathustra en Jenseits von Gut und Böse oerset yn it Frysk. Hjirfan kinne ek digitale ferzjes yn PDF-formaat delladen wurde op 'e webside fan Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF).