Fred Emmer (folút: Frederik Emmer; Leien, 23 augustus 1934 - Hilfertsom, 24 desimber 2019) wie in Nederlânsk sjoernalist, dy't bekendheid krige as nijslêzer fan it NOS Sjoernaal. Dy funksje ferfolle er mear as tweintich jier lang, wêrby't er ferskate kearen in ûnútwiskbere yndruk by it Nederlânske sjoggerspublyk efterliet. Letter wied er ek aktyf as presintator, kollumnist en skriuwer fan eroatyske ferhalen.
Libben
Karriêre
Emmer waard yn 1934 berne yn Leien. Fan 1962 ôf wied er mear as tweintich jier lang it gesicht en de stim fan it NOS Sjoernaal. Sa presintearre er it sjoernaal op 22 novimber 1963, de deis dat de Amerikaanske presidint John F. Kennedy yn Dallas deasketten waard. Fanwegen brekme oan ynformaasje moast it programma doe ferskate kearen ûnderbrutsen en stillein wurde.
Oars as guon resinte nijslêzers fan it NOS Sjoernaal ferspriek Emmer him nea, mar ien kear (dy't de measte âlderen noch klear foar de geast stiet) ferslokte er him by it foarlêzen fan in berjocht oer in brân yn in transformatorhúske yn 'e Wieringermarpolder yn syn eigen flibe, wat late ta in ferheftigen hoastbui dy't ferskate minuten oanhold. Frjemd genôch griep de rezjy net yn, en waard de martelgong fan Emmer yn syn folsleinens útstjoerd, ta grutte hilariteit yn 'e Nederlânske wenkeamers.
Yn 1985 makke Emmer de oerstap nei Europa TV, in Jeropeesk tillefyzjekanaal dêr't ek de NOS oan meidie. Nei it mislearjen fan dat projekt kearde er werom by it NOS Sjoernaal, dêr't de doetiidske haadredakteur Peter Brusse it plan opfet hie om Emmer de fêste nijslêzer fan it sân-oeresjoernaal te meitsjen. Doe't bliken die dat Brusse syn ûnthjitten net wiermeitsje koe, ferliet Emmer yn 1987 definityf de NOS.
Neitiid wurke Emmer by de VPRO en by RTL 5. Foar de VPRO presintearre er twa tillefyzjeseizoenen lang it programma Waskracht!, mar yn 1997 stapte er op om't er teloarsteld wie oer it amateurisme fan 'e faak jonge makkers fan it programma. Yn 1999 wurke Emmer in hoartsje foar Radio Maastricht, dêr't programmalieder Michael Bartelet syn bydrage op priis stelde fanwegen syn "neutrale, betrouwbare stem."
Njonken syn presintaasjewurk liende Emmer syn stim oan ien fan 'e persoanaazjes yn 'e Nederlânske tekenfilm Als Je Begrijpt Wat Ik Bedoel (1983). Fierders wurke er as kollumnist foar it neakenblêd Playboy en ek wied er aktyf as skriuwer fan in bondel eroatyske ferhalen en in non-fiksjeboek oer ûntslachnimmen. Yn 1987 died er de voice-over foar it fragmint fan 'e omroppastor yn 'e teätershow Het Meisje uit de Slijterij, fan konferansier Herman Finkers. Yn 2006 wied er noch te sjen as nijslêzer yn 'e freedsútstjoerings fan De 80's & 90's Kwis, op 'e stjoerder Talpa.
Priveelibben
Fred Emmer is de heit fan komponist en muzikant Stephen Emmer.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes