Yn 1266, doe't er hast tolve wie, waard er as grutminske sjoen, en âld genôch om sels it bewâld op him te nimmen. Doe't er fjirtsjin wie, yn 1268, troude er, neffens in kontrakt dat Floris de Foud yn 1256 sletten hie, mei Beatriks fan Flaanderen. Se krigen njoggen bern tegearre, Willem, Otto, Dirk, Floris, Jan I fan Hollân, Machteld, Beatriks, Elisabet en Margareta. Utsein Jan en Margareta binne se allegear jong ferstoarn. Fierders hie Floaris ek noch wat bern yn it wyld rinnen. By namme bekend binne dêrfan Witte fan Hollân, Katarina fan Montfoart, troud mei Sweder fan Montfoart, in Gearard, in Willem, in Alide (mem fan Willem de Laker), in Piter en in Durk.
West-Fryslân
Yn 1272 besocht Floris V foar it earst om it wurk fan syn heit ôf te meitsjen. Krekt 18 jier âld teach er fia Alkmar nei West-Fryslân yn de striid tsjin de Friezen, en hy koe noch krekt mei syn libben weikomme. Mar nei fierdere fjildtochten yn 1282 en 1287 koe er yn 1289 West-Fryslân by Hollân foegjen. Nei 17 maart1291 brûkte er dan ek de titel "Greve fan Hollân, Seelân en Hear fan Fryslân". Nei syn dea besochten de Westfriezen yn 1297 noch ien kear om harren frijheid werom te winnen, mar se koenen harren net mear frijmeitsje fan it Hollânsk gesach.
Seelân
Mei it ferslaan fan de Friezen hie Floris V de noardlike grins fan Hollân sa fier opskood as mooglik. Yn de tuskentiid hie er Hollân ek nei it easten útwreide, dat no rjochte er de oandacht op de súdgrins. Hy besocht dêrby mear fan Seelân ûnder syn bewâld te krijen. Yn 1290 gong dat skeef en waard er by Bierfliet finzen naam. Hy moast fiergeande konsesjes dwaan, mar ien kear frij hold er him dêr net mear oan. Hy gong fierder yn syn stribjen nei gebietsútwreiding yn Seelân, en doe't syn stipe fan Edward I fan Ingelân wat dat oangie net genôch opsmiet gong er oer nei it Frânske kamp. Dit koe Edward fansels net akseptearre, en yn in komplot mei Gysbrecht fan Amstel, Gerard fan Felzen en Herman fan Woerden waard 27 juny 1296 besocht him op 'e nij finzen te nimmen. Dat slagge, mar om't de trije net weikomme koenen deaden se harren finzene.
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!