Yn 1222 folge Floaris IV syn heit op. De earste pear moanne, oant hy op syn tolfde jier folwoeksen waard, stie hy ûnder fâdy fan greve Boudewyn fan Bentheim. Floaris IV troude om 1224 hinne yn Antwerpen mei Machteld fan Brabân. Machteld wie op it momint fan de ferloving 14 jier âld en koart dêrfoar al widdo.