De Flinters (Lepidoptera) is in skift yn de klasse fan de Ynsekten (Insecta). Nei de ûnderskiedende eigenskip hjit it skift ek wol Skobwjukkigen. It is in grut skift, dêr't oant no ta sa'n 160.000 soarten fan beskreaun binne yn sa'n 130 famyljes, mei de ferwachting dat der noch mear binne.
It libben fan in flinter is hiel bysûnder. De flinter feroaret fan in ûneachlik aaike nei in rûp, fan in rûp nei in pop en fan in pop nei in flinter. Guon flinters hawwe prachtige patroanen, dat makket it dat it flinterspotten in hobby is foar in soad minsken.
Faak wurdt der in ûnderskied makke tusken deiflinters en nachtflinters. Mar út de taksonomy wei mei dat net. Der binne nammentlik dei-aktive nachtflinters en flinters dy't allinnich yn it skimer fleane. Faak wurde nachtflinters wol yn aparte famyljes pleatst.
It ûnderskied tusken dei- en nachtflinters wurdt basearre op uterlike skaaimerken. Dy ferskillen binne maklik wer te kennen.
Deiflinters hawwe tinne fielers mei in ferdikke knopke oan de útein. Deiflinters teare harren wjukken rjocht boppe it lichem út. De útsûndering dêrop binne de Groukopflinters. De fjouwer wjukken kinne ûnôfhinklik fanelkoar bewege.
Deiflinters hawwe oer it algemien felle kleuren. Faak binne de kleuren oan de binnenkant fan de wjukken te sjen. Oan de bûtenkant fan de wjukken sitte faak skutkleuren.
Nachtflinters hawwe ferskillende soarten teisters. Sa komme bygelyks fearfoarmige teisters foar mar ek boarstelige teisters. De wjukken binne mei elkoar ferbûn wêrtroch't se net ûnôfhinklik fan elkoar bewege kinne. Nachtflinters hawwe oer it algemien skutkleuren. Dat jildt net foar alle soarten lykas de dei-aktive nachtflinters.
De Fjouwer ferskillende stadia yn it libben fan in flinter.
In Sina miene de minsken dat in flinter in personifikaasje is fan ien syn siele.
Yn Japan hawwe se as byleauwe dat as't der in flinter yn 'e hús komt en efter in bamboe skerm sitten giet, der in persoan dêr't jo in soad fan hâlde nei jo ta komt. Mar se leauwe ek dat grutte groepen mei flinters ûngelok bringe. Doe't Taire no Masakad yn it geheim in revolúsje oan it tarieden wie, kaam der krekt in grutte groep mei flinters lâns yn Kyoto. De minsken waarden der bang fan. Se tochten dat de flinters foarseinen dat der in grut kwea oan siet te kommen.