De Fjirtjin Needhelpers foarmje in groep hilligen yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't oanroppen wurde kinne foar ferskillende krupsjes. De hilligen yn de groep wurde ek yndividueel yn ferskillende kristlike streamings fereare.
De earste ferearing fan de hilligen as groep datearret út it begjin fan de 14e iuw yn it DútskeRynlân, nei alle gedachten doe't de pest yn it gebiet omwierre. Fral yn Dútslân binne der tsjerken te finen dy't oan de fjirtjin needhelpers wijd binne. De bekendste dêrfan it de basilyk Vierzehnheiligen by Bad Staffelstein. Oare oan de hilligengroep wijde tsjerken binne te finen yn Eastenryk, Switserlân, Poalen, Tsjechje en Itaalje.
Sintraal steane trije froulike martlers, oer wa't yn Dútslân in folgjende rymke bestiet:
Sankt Margareth mit dem Wurm
Sankt Barbara mit dem Turm
Sankt Katharina mit dem Radl
Das sind die heiligen drei Madl
Der komme yn de list ôfwikings foar by de alve manlike needhelpers, dy't regionaal troch oare hilligen ferfongen wurde. Dy oare hilligen binne:
tsjin koarts, by tonger en tsjin fjoer; beskermhillige fan minsken op harren stjerbêd, mynwurkers, geologen, klokkejitters, arsjitekten, metaalbewurkers, mitsliers, timmerlju, dakdekkers, deagravers, elektrisiteitsmanlju, jongfammen en finzenen
Neffens de oerlevering yn in toer opsletten, mishannele en ûnthalze.
by kramp, epilepsy, hûnsdûmens, de Sykte fan Huntington (ek Sint-Fitusdûns neamd), bêdpisjen en by slangebiten; patroanhillige fan aptekers, wynmakkers, dûnsers, akteurs, bierbrouwers, kastleins
De arts fan keizer Maksimiaan, om 305 nei Kristus ûnder de kristenferfolging fan Diokletianus fermoarde.
oanroppen tsjin in ûnferwachtse dea, redding by elts gefaar; tsjin û.o. de fallende sykte, tonger, hongersneed en heilstoarmen, pest, pine yn 'e tosken, Patroanhillige fan bôgesjitters, sjauffeurs, seelju, lju dy't yn griente en fruit hannelje, boekbiners, reizgers.
Kristusdrager, is fan de hilligenkalinder skrast, mar wurdt lokaal noch wol fereare.