De Feriening ta Befoardering fan Folksûnderwiis hie as doel it ferdigenjen fan it iepenbier ûnderwiis. Folksûnderwiis waard 25 maaie 1866 oprjochte as in Fryske feriening yn Ljouwert op inisjatyf fan de skoalopsjenners jonkhear Frederik Hessel van Beyma thoe Kingma en Philippus van Blom.
De leden woenen de iepenbiere skoalle, dy't as godstsjinstleas ferhune waard ferdigenje. Troch de faak fûle oanfallen fan foarstanners fan it opkommende bysûnder ûnderwiis waard besluten middels in feriening it iepenbier ûnderwiis te steunen. Benammen tsjerklikepartidigens woe de feriening him warre en benammen de útspraken fan de roomske biskoppen joegen dêr oanlieding ta. Sa neamden dy yn 1868 de iepenbiere skoallen ûngeskikt foar de foarming fan katolike bern en rôpen op om eigen skoallen te stiftsjen. It ledetal fan de Folksferiening groeide tusken 1866 - 1870 fan 20 nei 1000. Op 29 oktober 1870 waard Folksûnderwiis in lanlike feriening, yn 1876 al mei mear as 10.000 leden en yn 1958 mei mear as 150.000 leden. De earste eareleden wiene jonkhear Van Beyma en jonkhear Idzerd Frans van Humalda van Eysinga. De federaasje fan Fryslân fan Folksûnderwiis is yn 1946 oprjochte en hie yn 1958 165 ôfdielings.
Folksûnderwiis makke propaganda foar it iepenbier ûnderwiis, mar ûntwikkele ek in soad ûndersteunende aktiviteiten. Sa organisearren de ôfdielings faak skoalfestiviteiten, dêrûnder jierlikse toanielútfierings troch personielsleden fan de iepenbiere skoallen foar alle bern. Yn 1968 waard de namme feroare yn 'Vereniging voor het Openbaar Onderwijs' en sûnt de ynfiering fan it basisûnderwiis hawwe de ôfdielings fan de feriening beskate bestjoerlike foegen fan de gemeentebestjoeren oernomd.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|