Ferdrach oangeande de Jeropeeske Uny

De ûndertekening fan it Ferdrach fan Lissabon op 13 desimber 2007.

It Ferdrach oangeande de Jeropeeske Uny (of it JU-ferdrach) is it oprjochtingsferdrach fan de Jeropeeske Uny (JU). Mei it Ferdrach oangeande de wurking fan de Jeropeeske Uny foarmet it de grûnslach fan it polityk systeem fan de JU. De ferdraggen wurde soms ek wol oantsjut as de Jeropeeske grûnwet, mar binne formeel neat oars as ferdraggen tusken de JU-lidsteaten.

It JU-ferdrach waard op 7 febrewaris 1992 yn Maastricht besletten en is dêrom yn syn oarspronklike ferzje ek as it Ferdrach fan Maastricht bekend wurden. Der kamen letter wizigingen op it ferdrach, nammentlik troch:

Yn it JU-ferdrach steane 55 artikelen dy't benammen bepalingen oer de demokratyske grûnslach, de ynstellings fan de Jeropeeske Uny en it Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied. Yn it Ferdrach oangeande de wurking fan de Jeropeeske Uny is de wiidweidige ymplemintaasje fan it JU-ferdrach regele. Beide ferdraggen jilde juridysk as like swier en se folje elkoar oan. It plan om in Ferdrach oer de Jeropeeske Grûnwet te besluten mislearre yn 2005 troch referinda yn Frankryk en Nederlân dêr’t in mearderheid by tsjin in Jeropeeske grûnwet wie.

It JU-ferdrach is yn alle 24 wurktalen fan de Jeropeeske Uny skreaun en yn elke taalferzje like binend. Dêrneist is de tekst yntegraal yn ’t Frysk oerset.

Keppeling om utens

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!