De arsjipel fan Fanûatû bestiet út 82 eilannen, dêr't tolve fan grutte eilannen binne en santich lytse, foar it meastepart noch aktive fulkanen en koraaleilannen. Troch dy fulkanen is der hieltyd gefaar foar in erupsje, dêr't de lêste fan yn 1945 wie.
De measte eilannen binne bercheftich. De heechste punt fan Fanûatû is de Mount Tabwemasana (1879 meter) op it eilân Espiritû Santo.
Troch de bysûnder moaie tropyske en fulkanyske lânskippen en strannen binne de eilannen populêre toeristyske attraksjes.
Utsein de drûgere eilannen Eromanga en Aneitym yn it suden, is it klimaat tropysk oant subtropysk. Trochsneed falt der om-ende-by 2360 mm rein yn it jier, mar op de noardlike eilannen falt mei 4000 mm folle mear delslach.
Skiednis
In protte eilannen fan Fanûatû wurde al lange tiden bewenne. De earste spoaren fan minsklike bewenning datearre fan 2000 f.Kr.
De arsjipel waard yn 1606 troch de Portegezen ûntdekt en yn 1774 ferkent troch de Ingelske ûntdekkingsreizger James Cook dy de eilannekloft Nije Hebriden neamde. Yn 1906 kamen Ingelân en Frankryk in mienskiplik bestjoer oerien. Sûnt 1980 is Fanûatû in ûnôfhinklike republyk.
Demografy
Befolking
It grutste part fan de befolking fan Fanûatû (98,5%) binne ynhiemske Melaneezjers, oaren binne Jeropeanen, Aziaten en minsken dy't fan oare eilannen komme yn de Stille Oceaan.
Talen
Der binne trije offisjele talen, te witten: Ingelsk, Frânsk en Bislama. Bislama is in pidginKreoolske taal dy't op it Ingelsk basearre is en beynfloede troch it Frânsk en talen út it suden fan Fanûatû. Dêrneist wurde der noch goed hûndert lokale talen sprutsen op de ferskillende eilannen. It oantal talen per haad fan de befolking is in Fanûatû dan ek heger as hokker lân yn de wrâld dan ek en it oantal sprekkers leit per taal trochstrings om 2000 sprekkers. Alle ynhiemske talen binne Austronesyske talen.