Fan Sminia (ek: Fan Baerdt fan Sminia, Fan Coehoorn fan Sminia en: Haersma fan Sminia) is in fan oarsprong út Ferwert kommend laach, dêr't de leden fan sûnt 1816 ta de Nederlânske adel hearre.
Skiednis
De stamhheit is Frans Hillebrants Sminije (Smyngie) dy't sûnt 1555 neamd wurdt as boer op Sminiastate en yn 1581 ferstoar. By Keninklik Beslút fan 20 febrewaris 1816 waard syn neisiet mr. Hector fan Sminia (1763-1816) ferheft yn de Nederlânske adel.
De famylje bewenne desennialang hûs de Klinze in Aldtsjerk en is ek nammejouwer fan de troch har bewenne Sminiastate yn deselde gemeente.
Jhr. mr. Hobbe Baerdt fan Sminia (1797-1858), grytman, boargemaster en lid fan de Twadde Keamer
Jkfr. Louisa Albertine Glinstra fan Sminia (1799-1837); troude yn 1821 mei mr. Robert baron fan Breugel Douglas (1791-1873), lid fan de Ried fan Steat en publisist
Literatuer
Spanninga, H. (2001) 'Kapitaal en fortuin: Hessel van Sminia (1588-1677) en de opkomst van zijn familie' yn: De Vrije Fries, LXXXI