It departemint Eure-et-Loir grinzget yn it noarden oan it departemint Eure, yn it noardeasten oan it departemint Yvelines, yn it easten oan it departemint Essonne, yn it súdeasten oan it departemint Loiret, yn it suden oan it departemint Loir-et-Cher en yn it wêst oan de departeminten Sarthe en Orne.
It grutste diel fan it departemint falt ûnder it lânskip de Beauce, it westen ûnder de Perche. Beide rivieren dêr't it departemint nei ferneamd is hawwe harren boarne yn de Perche. Wylst de Eure yneasten nei it easten oant Chartres streamt en it departemint dan yn it noarden ferlit, ûntwettert de Loire it departemint nei it suden ta.
Skiednis
It departemint waard op 4 maart 1790 oprjochte út it noardwestlike diel fan de provinsje Orléanais, it easten fan de Perche en in lyts diel fan it Île-de-France. Sûnt 1960 falt it ûnder de regio Centre, dy't yn 2016 de nije namme Centre-Val de Loire krige.
Bestjoerlike yndieling
It departemint Eur-et-Loir is te ferdielen yn 4 arrondisseminten. De arrondisseminten binne ûnder te ferdielen yn meiïnoar 15 kantons en 365 gemeenten.