Erik of it Lyts Ynsekteboek

Erik of it Lyts Ynsekteboek
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad.
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad.
algemiene gegevens
oarspr. titel Erik of het klein insectenboek
auteur Godfried Bomans
taal Nederlânsk
foarm roman
sjenre jeugdliteratuer
1e publikaasje 1940, Utert
oarspr. útjwr. Het Spectrum
kodearring
ISBN 978-9 46 09 28 390
(54e printinge, 2011)
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Erik of it Lyts Ynsekteboek
publikaasje 2015, Grins
útjouwer Utjouwerij Regaad
oersetter Geart Tigchelaar
prizen oers. dr. Obe Postmapriis 2016
ISBN oers. 978-9 08 21 97 020

Erik of it Lyts Ynsekteboek, yn it oarspronklike Nederlânsk: Erik of het klein insectenboek, is in roman fan 'e hân fan 'e Nederlânske skriuwer, sjoernalist en mediapersoanlikheid Godfried Bomans (1913-1971). It boek heart ta de jongereinliteratuer, hoewol't it ek in protte troch folwoeksenen lêzen wurdt. It ferhellet oer de jonge Erik, dy't op in nacht yn in skilderij klimt dat befolke wurdt troch antropomorfe, pratende ynsekten. Erik of het Klein Insectenboek waard foar it earst publisearre yn desimber 1940, en hat him sûnt ûntwikkele ta in klassiker fan 'e Nederlânske jongereinliteratuer. Yn 2013 kaam de 60e printinge út. De Fryske oersetting, fan Geart Tigchelaar, ferskynde yn 2015.

Ynhâld

Erik Pinksterblom is in fantasijryk jonkje dat dernei langet dat der wat bysûnders bart yn syn libben. Op in nacht, foar de dei fan in repetysje op skoalle oer it ûnderwerp ynsekten, leit er sliepeleas op bêd, as ynienen alle skilderijen yn syn keamer ta libben komme. Dêrby giet it net inkeld om 'e portretten fan syn ferstoarne pake en beppe en oare famyljeleden, mar ek om it skilderij Wolwiid. Dat is in prachtige greide mei skiep en skieppehoeder, dêr't ek alderhanne ynsekten oant yn detail op werjûn binne. Om't er him altyd al ôffrege hat wat der allegearre yn dat skilderij sit, beslút Erik en klim deryn. It blykt in fantasijwrâld te wêzen, dy't dominearre wurdt troch antropomorfe, pratende ynsekten dy't like grut binne as minsken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As earste komt Erik yn 'e kunde mei de skiteldeftige famylje Van Vlueswjuck, dy't bestiet út meepsen. Hja ferachtsje bijen om't dy foar minsken wurkje en sljochtwei miggen as strykynstrumint brûke. Erik wurdt troch harren útnûge foar it jûnsiten, mar strykt harren raar tsjin it hier yn as er earst de lof sjongt fan 'e 'iverige bij', en dêrnei in blauwe mich sa wyld bespilet dat it bist it bestjert. Sadwaande wize de meepsen him de doar. In holder dy't úthâldt dat er filosoof is, bringt Erik nei in hotel, dat makke is fan in grut slakkehûs, en dat rund wurdt troch in slak. Dêr besauwe alle gasten har oer Erik syn kennis fan 'e ynsektewrâld, dy't er opdien hat út syn 'lyts ynsekteboek': Solms' Beknopte Natuurlijke Historie. Dat hat lykwols it ûnferwachte gefolch dat nimmen no noch wat doar te dwaan oant wis is dat it ek yn it boek stiet. It hiele spul rint dêrtroch mis, en it jout neat dat Erik de ynsekten krekt opropt om harren ynstinkt te folgjen.

Yn ien fan 'e hotelkeamers moetet Erik in flinter dy't krekt ûntpoppe is. Tegearre ûntflechtsje se it hotel. De flinter treft koarte tiid letter in flinterfamke, dêr't er hopeleas fereale op rekket, en Erik helpt him om har it hof te meitsjen. Uteinlik slagget it om 'e flinters oaninoar te keppeljen en se trouwe te litten, mar Erik bliuwt dêrnei lykme-allinne efter. Hy kriget ek noch slaanderij mei in spin, en wurdt dan yn havene tastân oppikt troch in deagraver. Dy mient dat hysels ta de wichtichste bistesoarte heart, om't alle bisten ommers libje en stjerre en dan deagravers ta iten tsjinje. Dat idee wurdt alhiel ûntkrêfte as de deagraver en syn hiele famylje koart dêrnei opfretten wurde troch in mol.

Erik bliuwt op 'e nij allinne efter, en moetet dan in dauwjirm. Ek dy is derfan oertsjûge dat er in befoarrjochte wêzen is: hy is ommers blyn en dus net ôfhinklik fan syn gesichtsfermogen, lykas safolle 'legere wêzens'. De dauwjirm is lykwols mei himsels yn 'e knoop rekke, en wannear't Erik om help foar him útgiet, bedarret er yn in eamelderskoloanje, dy't him adoptearret. De eamels litte in protte belangstelling blike foar syn kennis út Soms' Beknopte Natuurlijke Historie. Erik langet sa stadichoan werom nei hûs, en hopet mei help fan 'e eamels de râne fan it skilderij werom te finen. It eameldersleger stjit ûnder de tocht dêrhinne lykwols op in oar eameldersleger, mei as gefolch dat der in ûnbidich grutte fjildslach ûntbrânt.

Wylst de striid oangiet, wurdt Erik ynienen wekker yn syn eigen bêd. No't er wer thús is, falle de minsken him bitter ôf, en hy beseft dat se eins net safolle ferskille fan 'e alle ynsekten dy't er yn it skilderij tsjinkommen is. Sadwaande betinkt er him: no wol er wol wer werom yn it Wolwiid, mar nea wer komme de skilderijen yn syn keamer ta libben. Under de repetysje op skoalle lit er him by it jaan fan 'e antwurden folslein liede troch de ûnderfinings mei ynsekten dy't er yn syn tiid yn it skilderij opdien hat, mei as gefolch dat er ûnfoldwaande hellet en sels neibliuwe moat.

Nederland Leest

Yn it ramt fan 'e jierlikse kampanje Nederland Leest waard Erik of het Klein Insectenboek yn novimber 2013 troch de Nederlânske iepenbiere bibleteken as fergees boek oan harren leden en oan skoallebern oanbean.

Fryske oersetting

Erik of het Klein Insectenboek waard yn 2015 ûnder de titel Erik of it Lyts Ynsekteboek yn it Frysk oerset troch Geart Tigchelaar, dy't dêrfoar gebrûk makke fan 'e 41e printinge fan it Nederlânsktalige orizjineel, datearjend fan 1980. De fertaling waard útbrocht by Utjouwerij Regaad te Grins, mei finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân, it Pot-Cuperus Fûns, de Stichting Kristlik Frysk Folksboek, de Douwe Kalma Stifting en It Fryske Gea. Der wiene yllustraasjes tafoege fan 'e hân fan Nina Peckelsen. De boekfersoarging waard dien troch Peter Boersma en it printwurk troch Drukkerij Douma te Dokkum. De oersetting waard yn 2016 bekroane mei de dr. Obe Postmapriis. Yn novimber 2016 kaam fan 'e oersetting in twadde printinge út.

Adaptaasjes

Erik of het Klein Insectenboek is ferskate kearen adaptearre ta oare media. Sa bewurke ferteller en akteur Peter Drost it boek yn 1992 ta in solofoarstelling wêryn't er fyftjin personaazjes ta libben brocht. De op lokaasjeteäter rjochte groep De Jonge Honden brûkte it ferhaal yn 2008 foar it spektakelstik Insect. Bewurkings fan Erik of het Klein Insectenboek foar de tillefyzje binne útstjoerd yn 1979 (werhelle yn 1985), 1995 en 2007. It boek waard yn 2004 ferfilme as Erik of het Klein Insectenboek, ûnder rezjy fan Gidi van Liempd. Dy film waard letter omwurke ta de tillefyzjesearje út 2007.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bomans, Godfried, Erik of het Klein Insectenboek, Amsterdam, 1940 (Het Spectrum), sûnder ISBN.
  • Bomans, Godfried, Erik of it Lyts Ynsekteboek (oers. Geart Tigchelaar), Grins, 2015 (Utjouwerij Regaad), ISBN 978-9 08 21 97 020.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

Read other articles:

サン・ピエトロ・イン・モントリオ教会正面 サン・ピエトロ・イン・モントリオ教会(San Pietro in Montorio)はローマの教会。その中庭には、ルネサンスの建築家ドナト・ブラマンテが建てた小さなマルティリウム(殉教者記念礼拝堂)のテンピエット(Tempietto)がある。 歴史 サン・ピエトロ・イン・モントリオ教会は、ローマのジャニコロの丘に、聖ペトロ(ピエトロ)

 

Блистательнейший орден Святого ПатрикаThe Most Illustrious Order of Saint Patrick Девиз Quis separabit? Страна Великобритания Тип рыцарский орден Кем вручается король Великобритании[d] Статус «спящий» (не вручается, но не упразднён) Статистика Дата учреждения 1783 год Последнее награждени...

 

For other uses, see A24 road. 54°35′43″N 5°55′26″W / 54.5952°N 5.9238°W / 54.5952; -5.9238 This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: A24 road Northern Ireland – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (October 2008) (Learn how and when to remove this templat...

Изображение было скопировано с wikipedia:en. Оригинальное описание содержало: Summary Cover for the 1984 Rod Stewart album Camouflage Licensing Це зображення є обкладинкою музичного альбому або синглу. Найімовірніше, авторськими правами на обкладинку володіє видавець альбому (синглу) або виконавець (вик...

 

Cet article est une ébauche concernant un peintre italien. Vous pouvez partager vos connaissances en l’améliorant (comment ?) selon les recommandations des projets correspondants. Paolo IntiniNaissance 5 février 1921MonopoliDécès 11 août 201420e arrondissement de ParisNationalité ItalienActivité Artiste peintreMouvement Mouvement Trompe-l'œil/Réalitémodifier - modifier le code - modifier Wikidata Paolo Intini est un artiste peintre italien du trompe-l'œil et de portrai...

 

Liên hoan phim Việt Nam lần thứ 8 Vì sự sáng tạo nghệ thuật và hoàn thiện con người mới xã hội chủ nghĩa, vì sự phát triển của nền điện ảnh dân tộc ← 7 (1985) · 8 (1988) · 9 (1990) → Địa điểmĐà Nẵng, Việt NamThành lập1970Sáng lậpBộ Văn hóa, Thể thao và Du lịch Việt NamGiải thưởngAnh và Em (điện ảnh)Truyện cổ tích cho tuổi mười bảy (điện ảnh)Hà Nội tro...

Erzbistum Montpellier Karte Erzbistum Montpellier Basisdaten Staat Frankreich Kirchenprovinz Montpellier Diözesanbischof Norbert Turini Emeritierter Diözesanbischof Guy ThomazeauPierre-Marie Carré Gründung 8. Dezember 2002 Fläche 6101 km² Pfarreien 62 (2019 / AP 2020) Einwohner 1.130.750 (2019 / AP 2020) Katholiken 865.225 (2019 / AP 2020) Anteil 76,5 % Diözesanpriester 141 (2019 / AP 2020) Ordenspriester 106 (2019 / AP 2020) Katholiken je Priester 3503 Ständige Diakone 42 (2019 ...

 

1989 film by Jay Levey UHFTheatrical release posterDirected byJay LeveyWritten by Weird Al Yankovic Jay Levey Produced by Gene Kirkwood John W. Hyde Starring Weird Al Yankovic Kevin McCarthy Michael Richards David Bowe Victoria Jackson CinematographyDavid LewisEdited byDennis M. O'ConnorMusic byJohn Du PrezProductioncompanyCinecorpDistributed byOrion PicturesRelease date July 21, 1989 (1989-07-21) Running time97 minutesCountryUnited StatesLanguageEnglishBudget$5 millionBox...

 

Serbian general and politician (1878–1946) Milan NedićOfficial portrait, 1939Prime Minister of the Government of National SalvationIn office29 August 1941 – 4 October 1944Preceded byOffice establishedSucceeded byOffice abolishedMinister of Interior of the Government of National SalvationIn office5 November 1943 – 4 October 1944Prime MinisterHimselfPreceded byTanasije DinićSucceeded byOffice abolishedMinister of the Army and Navy of the Kingdom of YugoslaviaIn office2...

For other uses, see Madhabpur (disambiguation). This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Madhabpur Upazila – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (November 2016) (Learn how and when to remove this template message) Upazila in Sylhet Division, BangladeshMadhabpur মাধবপুরUpazilaMadh...

 

Inglourious Basterds (Filmposter op en.wikipedia.org) Tagline Once upon a time in Nazi occupied France... Regie Quentin Tarantino Producent Lawrence Bender Scenario Quentin Tarantino Voice-over Samuel L. Jackson Hoofdrollen Brad PittChristoph WaltzMélanie LaurentMichael FassbenderEli RothDiane KrugerDaniel BrühlTil SchweigerAugust Diehl Montage Robert Richardson Cinematografie Sally Menke Productiebedrijf A Band ApartStudio BabelsbergVisiona Romantica Distributie The Weinstein Company(Veren...

 

Soft toy in the form of a bear since 1902 For other uses, see Teddy bear (disambiguation). Bear thought to be made by Morris Michtom, early 1900s; donated to the Smithsonian Museum of Natural History by Theodore Roosevelt's grandson, Kermit Roosevelt Jr., in 1964A replica Steiff model 55PB displayed at the Steiff-Museum, Giengen, Germany, 2006; no original examples of the 55PB are known to survive A teddy bear is a stuffed toy in the form of a bear. Developed apparently simultaneously by toym...

This article is about the online virtual world. For the graphic novella series, see Star Wars: Clone Wars (comics). 2010 video gameClone Wars AdventuresDeveloper(s)Sony Online EntertainmentPublisher(s)Sony Online EntertainmentEngineForgeLightPlatform(s)Microsoft Windows, OS XReleaseSeptember 15, 2010Genre(s)Massively multiplayer online, adventure, digital collectible card gameMode(s)Multiplayer Clone Wars Adventures was an online virtual world based on the animated television series Star Wars...

 

Real estate development and leasing in the Philippines This article is about the company. For the business district, see Filinvest City. Not to be confused with Fininvest. Filinvest Development CorporationTrade namePSE: FDCIndustryReal estateHospitalityFinanceAgriculturePowerFounded1955; 68 years ago (1955)FoundersAndrew Gotianun Sr.Mercedes GotianunHeadquarters6th Floor, The Beaufort, 5th Ave corner 23rd St., Bonifacio Global City, Taguig, Metro Manila, PhilippinesKey ...

 

This article has multiple issues. Please help improve it or discuss these issues on the talk page. (Learn how and when to remove these template messages) This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Dick Farney – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (July 2016) (Learn how and when to remove this te...

Instituto de Geociências IGeo Fundação 13 de março de 1967 (56 anos) Instituição mãe UFRJ Tipo de instituição Unidade acadêmica Localização Rio de Janeiro, RJ,  Brasil Campus Cidade Universitária Página oficial igeo.ufrj.br O Instituto de Geociências (IGeo) é uma unidade de ensino, pesquisa e extensão da Universidade Federal do Rio de Janeiro (UFRJ). O IGeo foi implantado em 1967 através do Decreto nº 60 455-A, sendo responsável atualmente pela coordenação ...

 

This article contains wording that promotes the subject in a subjective manner without imparting real information. Please remove or replace such wording and instead of making proclamations about a subject's importance, use facts and attribution to demonstrate that importance. (September 2018) (Learn how and when to remove this template message) 2018 studio album by Mai KurakiKimi Omou: ShunkashūtōStandard edition coverStudio album by Mai KurakiReleasedOctober 10, 2018 ...

 

Canadian jazz trumpeter, composer and bandleader Rachel TherrienRachel Therrien performing at the 2023 Sunfest festivalBackground informationBornRimouski, Quebec, CanadaGenres Jazz Latin Jazz World Music Occupation(s) musician composer record producer Instrument(s) Trumpet Flugelhorn Years active2009–presentLabels Truth Revolution Records Multiple Chords Music Bonsaï Music Websiteracheltherrien.comMusical artist Rachel Therrien is a French-Canadian jazz trumpeter, composer and bandleader. ...

Japanese scientist and inventor Kotaro Honda本多 光太郎Kotaro HondaBorn(1870-02-23)February 23, 1870Okazaki, Aichi, JapanDiedFebruary 12, 1954(1954-02-12) (aged 83)Tokyo, JapanResting placeOkazaki, Aichi, JapanNationalityJapaneseAlma materUniversity of TokyoKnown forKS steel Kotaro Honda (本多 光太郎, Honda Kōtarō), born on February 23, 1870, in Okazaki, Aichi Prefecture – February 12, 1954) was a Japanese metallurgist and inventor. He invented KS steel (initials ...

 

Awakening MusicLogo Awakening RecordsPerusahaan indukDeventi GroupDidirikan2001PendiriSharif Hasan Al-BannaWassim MalakBara KherigiDistributorAwakening StoreGenreNasyid, Musik duniaAsal negara Britania RayaLokasiLondon, InggrisKairo, Mesir California, Amerika SerikatSitus webwww.awakening.org Awakening Music (Sebelumnya dikenal dengan Awakening Records) merupakan produsen musik yang berasal dari London, Inggris. Perusahaan ini mencetuskan karya-karya musik islam modern pertama kali di In...

 

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!