In elektron (Ald-Gryksk ηλεκτρόν, barnstien dat troch wriuwingelektrysk laden waard) is in negatyf laden elemintêr dieltsje, dat bûn wêze kin (bygelyks yn in atoom) of frij yn de romte beweecht. As it yn de romte is, ûnderfynt it (krektas in ion) ynfloed fan in elektrysk fjild en as it beweecht t.o.f. in magnetysk fjild ek ynfloed dêrfan. It elektron heart ta de klasse fan de leptoanen. It elektron heart ta de earste generaasje. De dieltsjes binne stabyl.
Struktuer fan it atoom
Atomen besteane neffens Rutherford syn atoommodel út in posityf laden atoomkearn, mei dêromhinne likefolle negatyf laden elektroanen as't der posityf laden protoanen yn de kearn binne. De protoanen en neutroanen yn de kearn fan it atoom befetsje hast de folsleine massa fan it atoom. Se binne 1800 kear sa swier as in elektron.
Skaaimerken fan it elektron
It elektron is in elementêr dieltsje mei spin 1/2, dat it is in fermion, krektas it proton, it neutron en it positron. It antidieltsje fan it elektron hjit positron. Foar safier bekend hat it elektron gjin fierdere ynwindige struktuer. Neffens de snaarteory is it elektron, lykas oare elemintêre dieltsjes, in bepaald trillingspatroan yn in iendiminsjonale snaar. Oer dy snaarteory is noch in soad diskusje.
Yn in atoom kin it elektron allinnich yn bepaalde gebieten en mei in wolbepaalde enerzjy om de atoomkearn bewege; it getal n hjit it haadkwantumgetal. Foar n=1 is it elektron yn de grûntastân, foar n>1 is it elektron yn in oansleine tastân. De wearde fan n kin allinnich in hiel getal wêze. Dy tastiene tastannen wurde diskrete enerzjynivos 'neamd.