Tylor is in echte evolúsjonist. Yn syn wurk Primitive culture en Anthropology, seit er dat antropology basearre wurde kin op de evolúsjonêre teory fan Charles Darwin. Hy leaude dat der in begjinpunt wie fan ûntwikkeling yn in beskaving en yn religy. E.B. Tylor kin beskôge wurde as ien fan de earste figueren dy’t de antropology echt foarm jûn hat. Syn wurk wurdt sjoen as wichtich en bliuwt in sekere wearde hâlden.
E.B. Tylor hat de term “animisme” yntrodusearre as in normaal wurd. Dit animisme wie de earste faze yn de ûntwikkeling fan religy. De fases sa as E.B Tylor se sein hat: Animisme, Polyteisme, Monoteïsme, Ateïsme.
Libben
E.B. Tylor wie de soan fan Joseph Tylor en Harriet Skipper. Doe 't syn âlden ferstoaren moast Tylor de saak fan syn heit oernimme. Mar hy krige de symptoanen fan Tuberkuloaze en de saak oernimme gie dan ek net troch. It advys wie om sa gau mooglik nei in waarm klimaat te gean. Derom ferliet Tylor Ingelân yn 1855 om nei Sintraal Amearika te gean. Dit soarge derfoar dat hy ynteressearre rekke yn oare kultueren.
Op ien fan syn reizen moete hy Henry Cristy in etnologist en in archeolooch. Christy soarge derfoar dat Tylor mear en mear ynteressearre rekke yn antropology. En dat er by de antropology de skiednis brûke moast. Hy makke oantekenings fan de minsken dy’t hy tsjin kaam en dan foaral oantekenings oer religy. Neidat hy wer nei Ingelân gie hat er nea wer reizge. Dôchs is er trochgien my de stúdzje nei oare minsken en kultueren.
Yn 1871 krige Tylor it dokterskip fan de universiteit fan Oksford. Hy waard yn 1896 de earste antropolooch mei in learstoel. Dizze learstoel wie ek oan de universiteit fan Oksford. Tylor is riddere yn 1912.
Wurk
Anahuac: Or Mexico and the Mexicans, Ancient and Modern (1861)
Researches into the Early History of Mankind and the Development of Civilization (1865)
Primitive Culture (1871)
Anthropology (1881)
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!