De echte kavia's (wittenskiplike namme: Caviinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha), de boppefamylje fan 'e kavia-eftigen (Cavioidea) en de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae).
Ta dizze taksonomyske groep hearre in stik as 15 libbene soarten, dy't allegear foarkomme yn Súd-Amearika. De bekendste soarte is de gewoane kavia of hûskavia, dy't in protte as húsdier holden wurdt. Der binne trije skaaien. Resint DNA-ûndersyk liket út te wizen dat dêrfan de dwerchkavia's (Microcavia) en de kavia's (Cavia) nauwer mei-inoar besibbe binne as dat hja mei de gieltoskkavia's (Galea) besibbe binne.
Klassifikaasje
- ûnderfamylje echte kavia's (Caviinae)
|
Boarnen, noaten en referinsjes