Echte huningswam

echte huningswam
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycotaa)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift plaatsjesswammen (Agaricales)
famylje fluchgroeiende swammen (Physalacriaceae)
skaai huningswammen (Armillaria)
soarte
Armillaria mellea
(Vahl) P.Kumm. 1871

De echte huningswam (Armillaria mellea), ek echte hunningswam, echte hunichswam of echte hunnichswam, is in soad foarkommende plaatsjeswam fan it skaai huningswammen (Armillaria). De poddestoel wurdt meast yn 'e hjerst sjoen.

Beskriuwing

Jonge eksimplaren.

De swam hat in hunninggiele kleur mei in hoed fan in diameter tusken 2 oant 12,5 sm en oerdutsen mei smelle donkere skobben dy't der by rein ôfspiele. By jonge eksimplaren is de hoed ynrolle wêrby't er troch it velum mei de stâl ferbûn is. Yn it begjin is de oliifgiele oant oranjebrune hoed fan 'e poddestoel konveks mar letter wurdt de hoed umbonaat.

De oant 10 sm hege silindryske stâl is 5 oant 15 mm dik en hat flak ûnder de hoed in fleisige wyteftige ring, dy't nei de basis ta gieler en somtiden ek dikker wurdt. it spoarpoeier is wyt oant krêm.

Fersprieding

De echte huningswam is algiemen en komt yn Noard-Amearika, Europa en it noarden fan Aazje en Sina foar. Yn Súd-Afrika is de soarte yntrodusearre. De soarte komt yn bosk, parken, tunen mei leafbeammen foar. By beamstronken of op stobbes is de echte hunningswam yn grutte konsintraasjes te sjen.

Echte hunningswam by in stobbe oan 'e Slachtedyk by Ryptsjerk.

De skimmel libbet op it ynfektearre substraat as parasyt. Troch de lange swarte ûndergrûnske swamtriedden, dy't op skuonfiters lykje, kin de skimmel him gau oer lange ôfstannen ferspriede nei oar geskikt substraat. De parasitêre oanfal fan 'e skimmel betsjut de dea fan 'e gasthearbeam. Dêrnei kin de skimmel him noch in jier of wat saprofytysk fiede mei it deade hout.

De fruchtlichems ferskine fral yn 'e neisimmer oan 'e foet fan 'e beammen en dêrnei by de haadwoartels lâns, sadat it liket dat se ek op 'e grûn groeie. Se ferdwine wer yn novimber, mar somtiden binne se ek it hiele jier troch te sjen.

Ytberens

De echte hunningswam is ytber, mar kin by guon lju termklachten feroarsaakje. By foarkar wurde de poddestuollen plukt as de ring noch sletten is. Dêrnei binne de poddestuollen minder geskikt om op te iten.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!