Eanjum

Eanjum
It doarp fanút it súdwesten
It doarp fanút it súdwesten
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 1.075 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 20,43 km², wêrfan:
- lân: 19,74 km²
- wetter: 0,69 km²
Befolkingsticht. 58,25 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 22' N 6° 7' E
Offisjele webside
Oer Eanjum
Kaart
Eanjum (Fryslân)
Eanjum

Eanjum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Eanjum leit noardlik fan Ingwierrum, eastlik fan Moarre-Ljussens en westlik fan De Skâns. Eanjum hat 1.075 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit benammen oan De Singel en de Mûnebuorren, eastlik fan de terp fan Eanjum.

De buorskippen Jewier, Stiem, Iesumasyl, Esonbuorren en Teard hearre ek by Eanjum. Earder hearde De Skâns-Oostmahorn ek by Eanjum mar dat is sûnt 2008 in selsstannich doarp.

Skiednis

De namme fan it doarp is faaks te ferklearjen as hiem fan de Ano's of Aninga's. In oare ferklearring soe Hanjum (hoeke) wêze kinne. Der wurdt tocht dat yn de omkriten fan Eanjum al fier foar de jiertelling bewenning west hat.

Anjum yn it begjin fan de 18e iuw (Atlas Schoemaker-Fryslân-diel 1)

De terp fan Eanjum is oanlein op in doe al besteande kwelderwâl en yn de rin fan de tiid hieltyd grutter wurden. It doarp hat faak fan wetterfloeden te lijen hân. De Alderheljenfloed (1570) hat hûnderten slachtoffers easke en by de Krystfloed fan 1717 binne der 53 minsken ferdronken.

Yn 1997 helle it oars sa rêstige Eanjum it lanlike nijs troch de fynst fan twa liken yn de tún fan it âlde stasjon, dat yn dy tiid tsjinst dy as pensjon. De manlju wiene al in skoftke fermist en wiene troch in misdriuw om it libben kommen. Foar de moard waard de pensjonhâldster, dy't de bynamme de 'heks fan Eanjum' of de 'satan fan Moddergat' krige, nei in lange rjochtsaak feroardiele ta seis jier finzenis en tbs. De Nederlânske histoarikus Han Israëls skreau it boek Moord in Anjum oer dy saak. Yn 2022 hat ek de sjoernaliste Margriet Brandsma ûnder de titel De heks van Anjum oer dyselde saak skreaun.

Oant 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel. Fan 1984 oant 2019 makke Eanjum diel út fan de gemeente Dongeradiel dy't yn 2019 opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

De Fan Holdinga's

Holdingastate tekene troch Cornelis Pronk
De pleats dy't nei de ôfbraak boud waard op it terrein fan Holdingastate

Stamheit wie Gabe, yn 1449 grytman fan Eastdongeradiel. De bekendste Fan Holdinga hat Gabes pakesizzer Botte (±1500 - Emden, 1577) west. Hy hat him dwaande hâlden mei it Fryske rjocht. Hy moast útwike nei Emden. In oare jurist hat Wilcko Bottes (±1540-1595) west. Hy hat yn Leuven studearre en wie lid fan it 'Ferbûn fan de Eallju'. Ek dy is útwykt nei Emden. Nei 1580 hat er riedshear west by it Hof fan Fryslân. Mei Wilcko's dochter Doed(t) (1569-1646), troud west mei Kempo fan Harinxma á Donia en letter mei Georg Wolfgang baron thoe Schwartzenberg, binne de Fan Holdinga's útstoarn. Erfgenamten fan har, dêr't in protte grytman fan west hawwe, bewennen doe de Holdingastate. [3] Yn 1831 is de Holdingastate, dy't beskreaun waard as in gebou, dat yndruk makke, sloopt. De pleats Ny Holdinga stiet no op it plak fan de eardere sate.

Gebouwen

De Michaeltsjerke

De Michaeltsjerke (2008)
De Wikipedy hat ek in side Michaeltsjerke (Eanjum).

De tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan Sint-Michaël en hjit ek tsjintwurdich wer Sint-Michaeltsjerke. Der sitte noch stikken dowestien yn de toer en yn de noardmuorre fan in âldere lytsere tsjerke. De Michaeltsjerke is ien kear flink ferlinge mei kleastermoppen dy't as 13e-iuwsk datearre binne. Ek yn lettere iuwen hawwe der in soad ferbouwings west. Yn 1681 waard de toer fernield yn in swiere stoarm. Yn 1972/73 is de toer, en yn 1975 de rest fan de tsjerke restaurearre. Doe hat men de bouskiednis yngeand bestudearje kind.

Yn de tsjerke is noch in goatysk sakramintshúske. Der is ek in grêfkelder fan de famylje Fan Holdinga. Under yn de toer, dy't twa klokken hie, is it saneamde 'hûnegat' (út begjin 18e iuw) dy't as finzenis brûkt is. De grutte klok is út 1618 is getten troch Hans Falck út Ljouwert; de lytsere briek yn 1943 en is foardere troch de Dútske besetter.

It stasjon

It stasjon fan Eanjum. Wannear't de foto makke is, is net bekend.

Eanjum wie fan 1912 oant 1936 it einpunt fan it spoar fan Ljouwert oer Dokkum, it Dokkumer Lokaaltsje. It stasjonsgebou en de lokomotiveloads binne noch as wenhûs yn gebrûk.

Mûnen

Mûne De Iendracht (2022)
De Wikipedy hat ek in side De Iendracht (Eanjum).
De Wikipedy hat ek in side De Goes (mole).

Yn Eanjum hat al in hiel skoft in mûne stien. De earste, in mûne dy't troch in hynder oandreaun waard, wurdt al yn it Register van Aanbreng fan 1511 neamd. Yn 1639 wurdt in wynmûne neamd. Op 24 maaie 1889 waard dy troch wjerljocht troffen. De mûnder hat doe út ûnderdielen fan in oalje- en in seachmûne út Ljouwert in nijenien bouwe litten. Dat is De Eendragt wurden. Yn 1965 hat de gemeente Eastdongeradiel de mûne oernaam en dy yn 1971-72 restaurearje litten. De mûne is no in museum foar âld ark en eksposysjeromte foar Eanjumer keunstners.

Njonken de Iendracht stiet op it doarpsgebiet yn de buorskip Iezumasyl noch De Guos, in muonts út healwei de 19e iuw.

Bestjoer

Sûnt 2019 leit Eanjum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij, letter gemeente East-Dongeradiel.

Ferskaat

Njonken Nij Holdinga oan de Singel 4 is de Kop-hals-romppleats oan de Healbeamswei 12 in ryksmonumint. Oan de Foarstrjitte 18 stiet in ryksmonumint út 1630.

Mienskip

Oarlochsmonumint (2008)

It doarpshûs fan Eanjum hjit 'De Dobbe'.

Dûbele wente Foarstrjitte 14-14a

Tsjerke

  • PKN Anjum.

Yn it ramt fan de gearfoeging fan de herfoarme gemeente en grifformearde tsjerke ta de PKN-gemeente waard de grutte grifformearde tsjerke fan Eanjum, dy't nei de brân fan de âlde tsjerke yn 1969 boud wie, yn 2016 tydlik sletten. De PKN-gemeente fan Eanjum iepene op snein 25 maart 2018 nei in ferbouwing troch de NAM in lytsere tsjerkeseal yn it MFA-kompleks oan de Mûnebuorren en hâldt om de wike dêr tsjinst. De oare sneinen wurde tsjinsten yn de Michaeltsjerke holden.

Ferieningen

  • De Kolkensjongers - doarpskoar
  • Halleluja - fanfare
  • VV Anjum - fuotbal
  • Oranjeferiening Anjum
  • Keatsferiening Anjum
  • Fûgelwacht Anjum en omkriten

Skoalle

  • Kristlike basisskoalle 'De Eker'. Yn 2016 fierde 'De Eker' syn 150-jierrige bestean.

Befolkingsferrin

1954 1959 1964 1969 1974 1999 2002 2003 2004 2014 2015
1571 1445 1408 1357 1224 1167 1145 1150 1155 1065 1130
2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022
1140 1140 1135 1140 1155 1155 1150

Berne

Bekende ynwenners

Ds. Sipke Huismans

De Wikipedy hat ek in side Sipke Huismans.

Yn 1901 waard Sipke Huismans (1873-1924) beroppen yn de grifformearde tsjerke fan Eanjum. De Eanjumers wisten eins net hoe't se mei him omgean moasten. Teologysk wie Huismans lykas syn gemeente behâldend en hy skaaide de kant út fan Abraham Kuyper, mar wat it Frysk oanbelanget pike hy der út en hied er net in soad meistanners. De nije dûmny prate Frysk wat yn dy tiid tige ûngewoan wie. De tsjerkerie ferbea Huismans om yn 'e tsjerke en de konsistoarje Frysk te praten.

Huismans hat besocht om de Fryske beweging in djippere grûnslach te jaan. Hy wie ien fan de earsten dy't der op oantreau om it Frysk in eigen ynstitút te jaan. Dêr is fier nei syn dea de Fryske Akademy út fuort kommen. Huismans wie ek yn 1908 mei Anders Minnes Wijbenga ien fan de stifters en de earste foarsitter fan it Kristlik Frysk Selskip. Yn 1916 krige Huismans in berop nei Zevenhoven, dat er oannommen hat. Yn 1924 is er yn Doetinchem ferstoarn en begroeven yn syn berteplak Loaiïngea.[4]

Yn 1927 kaam de bondel "Ta in Tinkstien" út mei it sammele wurk fan Huismans, besoarge troch syn freon en meistrider dr. G.A. Wumkes.

Strjitten

Alle strjitten yn Eanjum.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. J. H. Brouwer e.a., Encyclopedie van Friesland, 1953.
  4. PDF By it grêf fan ... Sipke Huismans, Doeke Sijens

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!