Syn ferneamdste roman is A Passage To India. Neitiid hat er gjin roman mear útbrocht oant postúm Maurice ferskynde, syn iennichste roman mei in iepentlike homoseksuele tematyk. Forster wie sels homoseksueel. Hy hat syn libben lang op himsels wenne yn in keamer yn de Universiteitsgebouwen fan Cambridge.
Tema's fan syn wurk binne faak: twa kultueren dy't net akkordearje, en it net oer te kommen fan ferskillen yn 't algemien.
A Passage to India is in beskriuwing fan it libben yn Yndia ûnder Britsk bewâld en lit de foaroardielen dy't de Britten en de Ynjers foar elkoar oer hawwe sjen en de konflikten dy't dêr út fuortkomme.
Yn A Room with a View; en Howards End, dat wol as syn bêste wurk sjoen wurdt, spilet it konflikt tusken maatskiplike klassen in grutte rol. Sels kaam er út in begoedige fermidden, mar hy fielde him foaral oanlutsen ta jonges út it arbeidersmiljeu; it kultuerkonflikt, dat dêr anneks oan is, is in tema yn Maurice. Syn seksuele befrijing kaam tidens in ferbliuw yn Yndia.
Hy helle ynspiraasje foar syn boeken út syn reizen nei Egypte, Dútslân en Yndia.