Doggersbank

Satellytfoto fan Noardwest-Jeropa, de Doggersbank (read markearre) (NASA)

De Doggersbank (Ingelsk en Dútsk: Doggerbank, Deensk: Dogger banke) is in ûndjipte yn de Noardsee, eastlik fan Noard-Ingelân. De sânbank leit noardwestlik fan Nederlân. De oantsjutting 'dogger' is ôflaat fan it âld-Nederlânske 'dogge' dat fiskersboat betsjut (benammen brûkt yn de kabeljaufangst).

De bank is hast 300 kilometer lang en leit sawol op it Britske, Deenske, Dútske, as Nederlânske diel fan it kontinintaal plat. De Doggersbank is ûntstien yn de lêste iistiid. De Doggersbank komt út likernôch 40 meter djip wetter omheech oant 13 meter ûnder de seespegel, dat hy hat in hichte fan sa'n 27 meter. De boaiem is meast sânich. Benoarden de bank lizze de Fladengrûnen.

De Doggersbank is ridde foar hjerring, skol en spjirring, dat it is foeraazjegebiet foar tal fan fûgelsoarten en walfiskeftigen.

Yn de skiednis

Op 5 augustus 1781 wie der in seeslach by de Doggersbank tusken de marines fan it Feriene Keninkryk en Nederlân; de Slach by de Doggersbank (1781). Ek yn de Earste Wrâldkriich, op 24 jannewaris 1915, fûn dêr in seeslach plak: no tusken de Ingelsen en Dútsers (Slach by de Doggersbank (1915)). Yn 1904 wie der it Doggersbank-insidint: Russyske oarlochsskippen fan de Baltyske Fleat, ûnderweis nei de Russysk-Japanske Oarloch, beskeaten Britske fiskersboaten om't sy tochten dat it om Japanske torpedoboatjagers gie.

Keppeling om utens

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!