Hy wie in soan fan Lambrecht Snoy († 11 septimber 1529), beliend mei it goed Sniddelaar yn Leusden, en Emerantiana Pauw van Darthuizen (5 augustus 1510 - 7 juny 1550, Kalkar).
Yn 1572 waard Sonoy steedhâlder fan ûnder oaren Inkhuzen en noch itselde jier beneamde Willem fan Oranje him ta gûverneur fan it Noorderkwartier (1572-1588). In jier letter lieten de geuzen oanfierd troch Sonoy de omkriten fan Alkmaar ûnder strûpe en dêrtroch mislearre it belis fan Alkmaar troch de Spanjerts. In skoft dêrnei ferlearen de Spanjerts de Slach op de Sudersee ek noch.
Yn dy snuorje fierde Sonoy in skrikbewâld oangeande de katoliken en wie er ferantwurdlik foar de dea fan ûnder oaren de martlers fan Alkmaar en de martlars fan Ransdorp.
Ut syn houlik mei Maria van Malsen hie er in dochter, Emmerantia. Letter troude Sonoy mei jonkfrou Johanna de Mepsche en yn 1594 lutsen se by Emmerantia yn dy't fan 1582 ôf troud wie mei Luurt of Luiert Manninga, hear fan Dijksterhuis.
Trije jier letter stoar Diederik Sonoy op de boarch Dijksterhuis ûnder Piterbuorren. Hy waard beïerdige yn de Petrustsjerke fan Piterbuorren. Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg wie by de begraffenis oanwêzich. Nei Sonoys dea waard it stoflik omskot fan syn oarehelte nei de tsjerke oerbrocht. [1][2]