Departemint Fryslân bestie fan 1801 oant 1814, en wol yn trije ferskillende, opienfolgjende gedaanten.
Neidat it âlde Fryslân yn 1798, by de oprjochting fan de Bataafske Republyk, ferdield waard oer de Bataafske departeminten fan de Iems en de Alde Isel, kearde men yn 1801 werom nei it departemint Fryslân op it gebiet fan de âlde (en hjoeddeiske) provinsje. De Frije Hearlikheid It Amelân, dat winliken nea part fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen wie, waard by Fryslân foege.