De Fûke wie de twadde Fryske (lowbudget)-spylfilm fan Steven de Jong, op basis fan 'e roman De Fûke fan auteur Rink van der Velde. De film kaam yn 2000 yn de bioskopen. Van der Velde hat it senario skreaun, tegearre mei Steven de Jong. De muzyk is fan De Kast.
It ferhaal
Jelle (Rense Westra) is in ienfâldige ielfisker. Hy wurdt oppakt troch de Dútsers om 't syn soan Germ, dy 't yn it ferset sit, betrape is by in wapendropping. Yn syn ferhoar ûntdekt Jelle pas wat der mei syn soan bard is. Nei 't er oppakt is, folget syn hûn him hieltyd nei it plak dêr ’t er hinne brocht wurdt, sels oant Jelle delsketten wurdt.
Akteurs
Yn 2001 waard de film yn trije dielen op telefyzje fertoand.