Dalgrûn of delgrûn[1] is de sânige ûndergrûn, dy't bleat komt as der in laach fean fan ôfgroeven wurdt, en it dêrnei bemjukse wurdt mei bolster.
Gauris wurdt it bolster, dat de boppeste heale meter fan it fean, dy't net gaadlik foar it meitsjen fan turf is, foarearst opslein om letter mei de sângrûn bemjukse te wurde. De boaiem, dy't dêrnei ûntstie, koe, nei goed bedongjen en ôfwetterjen, as reedlik goede lânbougrûn tsjinje.
Meulen, M. van der, Lang, F. de, Maljers, D., Dubelaar, W., Westerhoff, W., 2002. Grondstoffen en delfstoffen bij naam. Publikaasjerige grûnstoffen 2002/21, Dienst Weg- en Waterbouwkunde, Delft & TNO-NITG, side 96 ISBN 90-369-5509-2. Grondsoorten en Delfstoffen bij naam
De Grote Bosatlas, kaartblêd 42: Nederland - grondsoorten en bodemtypen; sjoch ek De Bosatlas van Nederland, side 221.
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!