De titel fan 'e film, Crouching Tiger, Hidden Dragon, is in letterlike oersetting fan út it Sineesk (Ferienfâldige Sineesk: 卧虎藏龙; Tradisjoneel Sineesk: 臥虎藏龍; formele pinyin-transliteraasje: Wò Hǔ Cáng Lóng). Oerset yn it Frysk betsjut it "Beslûpende Tiger, Ferburgen Draak". Dat is in sitaat dat ferwiist nei in sitewaasje dy't smoarfol sit mei ûnopmurken masters. It komt út in tige ferneamd gedicht út it wurk fan 'e dichterYǔ Xìn (513-581), dêr't stiet: "暗石疑藏虎 / 盤根似臥龍", wat safolle betsjut as "efter de rots yn it tsjuster ferberget him wierskynlik in tiger, en de reuseftige rûngeande woartel liket wol in yninoar krûpte draak". Mei it each op 'e feministyske ûndertoan fan 'e film, mei in plot dy't fierhinne droegen wurdt troch de trije froulike personaazjes Yú Xiùlián, Yù Xiāolóng en Jadefoks, wurdt suggerearre dat mei dy ferburgen masters út it ferlinefroulju bedoeld wurde.
Wò Hǔ Cáng Lóng is ek in Sineeske útdrukking dy't ferwiist nei ûnderstreamings fan emoasje, hertstocht en ferburgen begearte dy't ûnder it oerflak beskûlgeane fan 'e fatsoenlike omgong yn 'e hegere maatskiplike fermiddens. Dêropta betsjutte de lêste wurdlidden fan 'e foarnammen Xiǎohǔ en Xiāolóng respektivelik "tiger" en "draak".
Yn it achttjinde- of njoggentjinde-iuwskeKeizerryk Sina, ûnder de Qing-dynasty, is master Lǐ Mùbái (útspr. likernôch: "ly mûbai") in ferneamd swurdfjochter fan 'e Wudangsekte. Syn freondinne Yú Xiùlián (útspr. likernôch: "ú sjû-ljen") is har heit opfolge as de eigneresse fan in súksesfol bedriuw dat befeiligingspersoniel ferhierd oan hannelskarafanen. Se is net troud, in feit wêrmei't se harsels bûten de oarder pleatst hat, mei't soks maatskiplik eins net akseptabel is. Mùbái en Xiùlián koesterje al tige lang romantyskegefoelens foarinoar, mar hawwe dêr nea wat mei dien. Xiùlián wie nammentlik ferloofd mei Meng Sizhao (útspr. likernôch: "mung si-dzjau"), de bêste freon fan Mùbái, foar't dyselde stoar, en sadwaande fiele se har allebeide noch bûn oan 'e neitins fan Sizhao en hawwe se nea oer harren gefoelens praat.
Mùbái kiest derfoar om op te hâlden as swurdmaster, mei't er fynt dat er al tefolle minsken om hals brocht hat. Hy jout syn romrofte iuwenâlde swurd, dat "It Griene Lot" hjit (fanwegen syn kleur), oan Xiùlián as se mei in karafaan nei Peking sil. Dêr moat se it oerdrage oan harren beider woldogger, hear Te (útspr. likernôch: "tee"). Mùbái wol no inkeld noch wraak nimme op 'e moardneresse dy't bekendstiet as 'Jadefoks'. Dyselse woe lang lyn de geheimen fan 'e Wudangsekte leare, mar doe't har dat wegere waard om't se in frou wie, deade se de master fan Mùbái en Sizhao en stiel se it boek dêr't er al syn kennis yn opskreaun hie.
Nei't Xiùlián yn Peking oankommen is, bejout se har nei hear Te ta, oan wa't se It Griene Lot oerdraacht. Hy nimt it swurd mar mei tsjinnichheid oan, om't er fynt dat it Mùbái sines bliuwe moat, en jout it in eareplak yn syn hûs. Hy stiet der by Xiùlián tige op oan om yn syn fillakompleks te útfanhûzjen. Wylst se dêr ferbliuwt, komt Xiùlián yn 'e kunde mei de jonge frou Yù Jiāolóng (útspr. likernôch: "ú tsjaulûng"), de dochter fan 'e rike en machtigegûverneur Yù (útspr. likernôch: "ú"), in oare gast fan hear Te. Hja stiet op it punt om te trouwen, mar dat is foar har gjin gelegenheid fan gelokkigens, mei't se úthylke wurde sil oan in man om 'e politikekarriêre fan har heit te skewielen. Jiāolóng benidet Xiùlián om har frijheid, ek al besiket Xiùlián har út te lizzen dat sa'n frijheid mei syn eigen priis komt. De beide froulju slute freonskip, wat bot tsjin 't sin is fan 'e gûvernante fan Jiāolóng, dy't fynt dat in jonge ealfrouwe har net mei sa'nent as Xiùlián ynlitte moat.
Jûns glûpt in maskeredief de wente fan hear Te binnen en stelt It Griene Lot. Xiùlián en Liú Tàibǎo (útspr. likernôch: "ljoo taibau"), in tsjinner fan hear Te, folgje de dief oant er weiwurdt yn 'e gebouwen dêr't gûverneur Yù en syn gefolch hûsfêste binne. Tàibǎo komt by syn speurtocht op it spoar fan in âldere man en in jonge frou, dy't by it fillakompleks fan hear Te omhingje. As er harren de oare deis opspoart, docht bliken dat it master Cài (útspr. likernôch: "tsai") en syn dochter Cài Mèi (útspr. likernôch: "tsai mee") binne. Hy is in plysje-ynspekteur út it binnenlân, waans frou fermoarde is troch Jadefoks. Hy hat it spoar fan 'e moardneresse folge nei it gefolch fan gûverneur Yù en fermoedet dat hja dêr op 'e iene of oare manear yn ynfiltrearre is. As er dat heart, giet Tàibǎo derfan út dat Jadefoks dejinge is dy't It Griene Lot stellen hat. Net lang nei de tsjeafte fan syn swurd arrivearret Mùbái yn Peking; eltsenien nimt oan dat er kommen is om syn swurd te sykjen, mar yn in petear mei Xiùlián fertelt er dat er neat fan 'e ferdwining fan it wapen ôfwist oant er yn Peking oankaam. Ynstee suggerearret er dat er har efternei reizge is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.
Underwilens daget Jadefoks fia in skreaun boadskip dy jûns ynspekteur Cài en syn dochter en Tàibǎo út ta in krêftmjitting. Nei in lang gefjocht stiet se op it punt it trijetal oermânsk te wurden, as Mùbái op it toaniel ferskynt en Jadefoks tebek driuwt. Sy bringt út dat se de master fan Mùbái fermoarde hat om't dy wol mei har op bêd woe, mar har net as learling oannimme woe. It liek har dêrom net mear as poëtyske rjochtfeardichheid as er deadien waard troch in frou. Krekt as Mùbái har deameitsje sil, komt de maskere dief dy't It Griene Lot stellen hat tuskenbeiden en helpt Jadefoks. Wylst de dief it opnimt tsjin Mùbái, bynt Jadefoks de striid wer oan mei Tàibǎo, ynspekteur Cài en Cài Méi, wêrby't se de ynspekteur deadet foar't de dief, dy't yn it gefjocht ferslein is troch Mùbái, har meiskuort en se tegearre weiwurde.
Neitiid docht bliken dat de dief eins nimmen oars is as Yù Jiāolóng, wylst Jadefoks har langjierrige gûvernante is. Nei't Jadefoks Jiāolóng fjochtsjen sjoen hat mei Mùbái, beseft se dat har pupil har bedragen hat. It hânboek dat Jadefoks fan 'e master fan Mùbái stiel, stelde har foar in probleem: mei't se analfabeet wie, koe se inkeld de diagrammen folgje, mar de tekst bleau in riedsel foar har. Dêrom naam se in betrekking as gûvernante oan yn 'e húshâlding fan gûverneur Yù. Se ferlate de doe achtjierrige Jiāolóng om har learling te wurden en fertroude op it famke, dat lêze koe, om har de tekst fan it hânboek te ferklearjen. Ut it gefjocht tusken Jiāolóng en Mùbái docht lykwols bliken dat Jiāolóng ynformaasje foar Jadefoks efterholden hat, en dat se dêrtroch ûnderwilens har mentor fier foarbystribbe is yn har kunde fan fjochtsport.
Dy nachts kringt in Oeigoerskebandyt, dy't fan Luó Xiǎohǔ hjit (útspr. likernôch: "lwoo sjauhû"), yn 'e sliepkeamer fan Jiāolóng yn en freget har om mei him út te naaien. Yn in lange flashback wurdt toand wat der barde doe't gûverneur Yù jierren lyn oansteld waard yn in ûnherberchsume woastynkrite yn Sinkiang-Oeigoerje, yn it uterste westen fan it Keizerryk Sina. Underweis mei har mem om har dêr by har heit te jaan, waard de karafaan dêr't Jiāolóng mei reizge, oanfallen troch banditen. De ûnferskrokken en skelmdoggerige rôverhaadman Xiǎohǔ stiel de ornamintele kaam fan Jiāolóng, wêrnei't se har flaufallen mem yn 'e koets efterliet, in bandyt fan syn hynder skuorde en Xiǎohǔ efterfolge om har kaam werom te krijen. Hoewol't se him in kear bewusteleas sloech en hy har letter in skoft finzen hold, rekken se úteinlik smoarfereale opinoar. Xiǎohǔ fertelde Jiāolóng doe in leginde oer in man dy't fan in klif sprong om syn winsk útkomme te litten; om't er suver fan hert wie, oerlibbe er dat. De syktocht nei syn dochter dy't gûverneur Yù optúgde, makke lykwols dúdlik dat se tegearre nea feilich wêze soene, dat op 't langelêst oertsjûge Xiǎohǔ Jiāolóng derfan om werom te kearen nei har famylje. Dat wie in beslút dêr't er letter alderraarste spyt fan krige, dat hy ferliet de woastyn om har te sykjen. Jiāolóng wegeret lykwols om mei him út te naaien en freget him om fuort te gean, hoewol't se begjint te gûlen nei't er oan har fersyk foldien hat.
Underwilens is Xiùlián ta de (korrekte) konklúzje kommen dat Jiāolóng de dejinge is dy't It Griene Lot stellen hat. Se giet by har op besite en praat derop om dat hear Te de saak fierder gewurde litte sil as it swurd weromjûn wurdt. Dy nachts bringt Jiāolóng it swurd yndie werom. Se wurdt trappearre troch Mùbái, dy't har befjochtet en op 't lêst oanbiedt om har as learling oan te nimmen, ek al is se in frou. Jiāolóng stegeret him ôf. Inkele dagen letter fynt it houlik fan Jiāolóng mei Lǔ Jūnpèi (útspr. likernôch: "lû tsjûnpee") plak. Wannear't de breidsstaasje foarbykomt, springt Xiǎohǔ ynienen foar 't ljocht en ropt mei útset lûd Jiāolóng oan om it houlik net troch te setten. As bewekkers him efternei sette, ûntkomt er oer de dakken. Wylst it houlik plakfynt, beprate Mùbái en Xiùlián Xiǎohǔ om nei it Wudangberchtme te gean en dêr op syn leafste te wachtsjen. Mei in yntroduksjebrief fan Mùbái sil er dêr talitten wurde en feilich wêze foar de famylje fan Jiāolóng, dy't poerrazen op him is om't er harren mei syn dwaan danich yn ferlegenheid brocht hat.
Op 'e houliksnacht, noch foar't it houlik konsummearre is, naait Jiāolóng út by har man wei en stelt op 'e nij It Griene Lot om dat wapen mei te nimmen. Yn 'e momkape fan in jongeman wurdt se yn in herberge oanfallen troch in groep krigers dy't op it swurd longerje. Yn in lang gefjocht, wêrby't de herberge slim skansearre rekket, weeft se mei de hiele kloft ôf. Mùbái en Xiùlián folgje har spoar, dat deunby it plak lâns liedt dêr't Xiùlián wennet. Hja giet nei hûs, dêr't hja opsocht wurdt troch Jiāolóng. Xiùlián fertelt har dat Xiǎohǔ yn it Mudangberchtme op har wachtet. Jiāolong mei der lykwols net oer dat oaren har sa mei har priveelibben bemuoie, en de beide froulju krije spul, dat útrint op in gefjocht. Hoewol't Xiùlián dúdlik de bettere fjochtster is, slacht Jiāolóng mei It Griene Lot elts wapen stikken dat Xiùlián te pakken krije kin. Lang om let wit Xiùlián har tsjinstanster te ferslaan mei in brutsen swurd, mar as se dan genede toant, ferwûnet de dwerse Jiāolóng har oan 'e boppe-earm.
Ear't der mear bloed fergetten wurde kin, arrivearret Mùbái, dy't Jiāolóng nei bûten ta jaget, in bamboewâld yn. Yn in gefjocht yn 'e beamtoppen docht bliken dat Jiāolóng sels mei It Griene Lot Mùbái lang net oer kin. Hy biedt fannijs oan om har as learling oan te nimmen. Sy ûnthjitarrogant dat se har ûnder syn mentorskip deljaan sil as er har It Griene Lot yn trije bewegings ôfnimme kin. Mùbái docht dat yn ien beweging, mar Jiāolóng hâldt har net oan har wurd. Dêrop smyt Mùbái it swurd oer in wetterfal hinne. Jiāolóng dûkt it efternei, mar ferdrinkt dêrby hast. Se wurdt rêden troch Jadefoks, dy't har yn bewusteleaze steat meinimt.
Yn in grot wurdt Jiāolóng troch Jadefoks drogearre troch opium te ferbrânen, wêrnei't se sels útgiet om in boadskip. Mùbái en Xiùlián treffe Jiāolóng yn 'e grot oan en besykje har mei te krijen. Ynienen keart Jadefoks werom, dy't de oaren besjit mei fergiftigepylkjes út in blaaspiip. Mùbái en Xiùlián warje de pylkjes ôf mei harren swurden, en Mùbái wreket einlings syn master troch Jadefoks mei it swurd deadlik te ferwûnjen. Pas dêrnei, as de stjerrende Jadefoks him dêrop wiist, beseft er dat ien fan har pylkjes him yn 'e sydkant fan 'e hals rekke hat. Ear't se stjert, bekent Jadefoks dat it eins har doel wie om Jiāolóng te deadzjen, mei't dy de geheimen fan 'e Wudangsekte út it foar har ûnlêsbere hânboek foar har ferburgen holden hat, wat se as ûnferjaanber ferrie beskôget.
Jiāolóng oppenearret dat se wit hoe't se it tsjingif meitsje moat foar it gif dêr't Mùbái mei rekke is. Se ferlit de grot om dat by Xiùlián thús ree te meitsjen. Underwilens bliuwe Mùbái en Xiùlián tegearre efter yn 'e grot. It duorret te lang, en Mùbái beswykt oan it gif. Mei syn lêste siken bycht er op dat er altyd fan Xiùlián holden hat. Hy ferstjert yn har earms, mominten foar't Jiāolóng weromkeart mei it tsjingif. Xiùlián drukt Jiāolóng op it hert dat se no mei har libben dwaan moat wat se wol en har net liede litte moat troch wat oaren fan har wolle. Sels bringt se It Griene Lot werom nei hear Te yn Peking. Jiāolóng reizget nei it Wudangberchtme, dêr't se har by Xiǎohǔ jout. Hja bringe in nacht tegearre troch. De oare deis, as Xiǎohǔ wekker wurdt, is it plak njonken him leech. Hy fynt har op in brêge oer in djippe kleau. Yn in neigalm fan 'e leginde dy't er har jierren lyn yn 'e woastyn ferteld hat, freget se him om in winsk te dwaan. Hy winsket dat se wer tegearre yn 'e woastyn wêze kinne. Dêrop springt Jiāolóng fan 'e brêge. Se falt lykwols net, mar fljocht middenmank de wite wolkens.
In komplisearjende faktor waard by de opnamen foarme troch de aksinten fan 'e akteurs. De film is opnommen yn it Mandarynsk, de offisjele taal fan Sina. Fan 'e fjouwer wichtichste akteurs spriek allinne Zhang Ziyi, dy't ôfkomstich wie út Peking, aksintleas Mandarynsk (of alteast Mandarynsk mei it juste aksint). Chang Chen kaam fan Taiwan en spriek wol Mandarynsk, mar mei in Taiwaneesk aksint. Chow Yun-fat kaam út Hongkong en hie sadwaande it Kantoneesk as memmetaal. En Michelle Yeoh wie in lid fan 'e Sineeske etnyske minderheid yn Maleizje en spriek fan hûs út Hokkineesk. Kantoneesk en Hokkineesk binne krekt as Mandarynsk Sinityske talen, mar se binne net ûnderling fersteanber. Chow spriek wol Mandarynsk, mar as twadde taal en mei in aksint; Yeoh spriek hielendal gjin Mandarynsk en moast har tekst fonetysk út 'e holle leare.
Mei't Ang Lee syn film spesifyk rjochte op it Westerskefilmpublyk, ynstee fan op 'e Sinezen yn Sina, Hongkong en Taiwan, dy't al bekend wiene mei wuxiafilms, wie der ferlet fan Ingelskeûndertiteling fan hege kwaliteit, en net it stienkoale-Ingelsk dat ornaris yn Sineeske films foar oersettings brûkt wurdt. Lee, dy't oan in Westerske universiteitstudearre hie, besleat dat putsje sels op te knappen om der wis fan te wêzen dat it goed dien waard.
Fan 'e filmkritisy krige Crouching Tiger, Hidden Dragon yn oerweldigjende mjitte positive resinsjes. Op 'e websideRotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Crouching Tiger, Hidden Dragon in tige heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 157 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De film dy't Ang Lee omheech kattepûltearre nei de boppeste rangen fan Hollywood-filmmakkers, Crouching Tiger, Hidden Dragon, omfettet in knaphandige ferminging fan ferbjusterjende fjochtsportgefjochten, prachtige lânskippen en smaakfol drama." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Crouching Tiger, Hidden Dragon in goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 32 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Crouching Tiger, Hidden Dragon brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada$128,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $85,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $213,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $17 miljoen betsjut dat in winst fan $196,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Crouching Tiger, Hidden Dragon de meast opbringende film yn in bûtenlânske taal yn Noard-Amearika út 'e hiele filmskiednis.
It súkses fan Crouching Tiger, Hidden Dragon late ta in grutte oplibbing fan 'e populariteit fan wuxiafilms yn 'e Westerske wrâld, dêr't dat sjenre oant doe ta frijwol ûnbekend wie. Neitiid waarden oare wuxiafilms, wêrûnder House of Flying Daggers en Hero ek rjochte op in Westersk filmpublyk. Crouching Tiger, Hidden Dragon foame foar aktriseZhang Ziyi de trochbraak yn har karriêre.
Ferfolchfilm
Yn 2016 waard ûnder rezjy fan Yuen Woo-ping in ferfolchfilm makke op Crouching Tiger, Hidden Dragon, mei as titel Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of Destiny ("Beslûpende Tiger, Ferburgen Draak: Swurd fan it Lot"). Dy film wie basearre op 'e roman Iron Knight, Silver Vase, it fyfde en lêste diel fan 'e pentalogy fan Wang Dulu. Fan 'e cast út 'e earste film die inkeld Michelle Yeoh mei oan it ferfolch; Zhang Ziyi waard wol frege, mar woe inkeld op 'e nij yn 'e hûd fan Yù Xiāolóng krûpe as Ang Lee wer regisseur wie. Oars as de oarspronklike film waard Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of Destiny yn it Ingelsk filme ynstee fan yn it Mandarynsk, en foarsjoen fan Mandarynske ûndertitels ynstee fan Ingelske.