Cornelis wie de soan fan Schelte en Wiskje van Scheltinga. Hy troude op 7 septimber1795 yn Ljouwert mei Anna Agatha Geertruida van Sixma (Ljouwert, 19 febrewaris1777 - dêre, 20 febrewaris1855), in dochter fan Age Tjepke Ruurd Sixma en fan Albertine du Tour). Fan harren tsien bern heakke syn soan Age Tjepke Ruurd de namme fan de útstoarne famylje Sixma oan syn namme ta.
Hy gie yn militêre tsjinst en die yn de rang fan kapitein mei oan de fjildtochten tsjin de Frânsken. Letter waard hy maire fan Oentsjerk en dêrnei milysje-kommissaris yn Fryslân en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
v. Rhede v.d. Kloot en Bär - Genealogische Kwartierstaten.