Grilk is de auteur fan sa’n 20 jongesboeken (ek as C. Goudriaan) dy't fan 1928 oant 1959 ferskynden. Fan 1907 oant 1943 wie er ûnderwizer yn Ljouwert. Hy die mei oan ferskate blêden, ûnder oaren as 'Observator', en skreau as earste ek yn it Skiermûntseagerskedialekt, ûnder oaren in kollumn yn de Kollumer Krante.