Concord hat in rol fan belang spile yn de skiednis fan de Feriene Steaten en yn de Amerikaanske literatuer.
Ut de skiednis
Concord spile in haadrol oan it begjin fan de Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich, doe't moarnsier 19 april1775 de earste militêre konfrontaasjes wiene tusken Amerikaanske boargermilysjes, de Minutemen, en it Britske leger. Earder dy dei dag waren er skermutselingen tusken de Amerikaanske milysjes en Britske legerienheden yn it tichteby lizzend Lexington, dêr't de Amerikanen ferslein waarden. Dêrnei gienen de Britten fierder nei Concord, dêr't fjildslach by de Alde Noardbrêge (Old North Bridge) útfjochte waard en de Amerikaanske frijheidsstriders de Britske soldaten op de rin wisten te krijen.