Chr. J. van Geel wie fan oarsprong byldzjend keunstner, mar is no allinne bekend fan syn gedichten. Yn 1961 hier in útstalling yn it Stedelijk Museum.
Yn de oarlochsjierren levere er bydragen oan it baldadige en surrealistyske moanneblêd mei in oplage fan ien eksemplaar De Schone Zakdoek. Earst yn 1958, doe't er 40 jier wie, ferskynde syn earste bondel, Spinroc en andere verzen. Van geel syn wurk wurdt ta it bêste fan de poëzy fan nei de oarloch rekkene. Van Geel wie in bevlogen redaksjelid fan it tydskrift Barbarber.
Ik ben in beesten opgesomd om weerklank die op vleugels gaat. Geen rust is ooit geheel voltooid dan die niet afziet van de vlucht.