Scribner's waard yn 1846 oprjochte troch Charles Scribner I en Isaac D. Baker, ûnder de namme Baker & Schribner. Nei Baker syn ferstjerren kocht Schribner dy syn oandiel yn it bedriuw op fan 'e erven, en feroare er de namme yn 'e Charles Scribner Company. Yn 1865 begûn de útjouwerij foar it earst njonken boeken ek tydskriften út te jaan.
Yn 1870 waard foar de útjefte fan it tydskrift Scribner's Monthley de dochterûndernimming Scribner & Company oprjochte. Nei it ferstjerren fan Charles Scribner I, yn 1871, naam syn soan John Blair Scribner it bewâld oer. Dy syn bruorren Charles Scribner II en Arthur Hawley Scribner waarden yn 1875, resp. 1884 ek fennoaten, en tsjinnen elts in hoart as direkteur. Doe't de oare partners harren oandiel ferkeapje woene, kochten de bruorren harren út en waard de namme fan it bedriuw feroare yn Charles Scribner's Sons.
It St. Nicholas Magazine, ien fan 'e bekendste Amerikaanske tydskriften foar bern, waard fanôf 1873 útjûn troch Scribner's. Doe't de bruorren harren tydskrifte-útjouwerij yn 1881 fan 'e hân diene, waard de namme fan Scribner's Monthley feroare yn Century Magazine. Yn 1886 sette Scribner's útein mei de publikaasje fan in nij tydskrift, mei as namme ienfâldichwei Scribner's Magazine. Dat tydskrift waard in begryp yn 'e Amerikaanske literêre fermiddens en soe bestean bliuwe oant 1939. Yn 1934 waard der yn 'e útjouwerij in spesjale ôfdieling oprjochte foar de útjefte fan berneboeken.