Carl Wilhelm Christiaan Theodoor Visser (Warkum, 7 febrewaris 1850 – De Haach, 9 augustus 1934) wie in Nederlâns boargemaster.
Yn 1880 begûn er syn boargemasterswurkpaad as earste boarger yn de destydske gemeente Himmelumer Aldefurd en yn 1883 folge syn beneaming ta boargemaster fan Wûnseradiel.
Yn 1901 waard er boargemaster fan de Súd-Hollânske gemeente Alfen oan de Ryn dy't op 1 jannewaris 1918 mei de gemeenten Aarlanderveen en Oudshoorn gearfoege waard ta de nije gemeente Alfen oan de Ryn dêr't er boargemaster fan wie oant syn pensjonearring yn 1923. Begjin augustus 1934 stoar er yn de âldens fan 84 jier yn De Haach wêrnei't er yn Alfen oan de Ryn te hôf brocht waard. Yn dat plak is in park nei him neamd: it Burgemeester Visserpark.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- Nederlânsktalige Wikipedia
|