Yn 'e tsiende iuw stie it plak, dat ûnderwilens in stedsje wurden wie, bekend as Canua. It tinken is dat dy namme ûntliend wêze kin oan canna, in wurd foar in bekate reidplant. Yn 891 waarden Cannes en omkriten ferwoastge troch in ynfal fan 'e Sarasenen, dy't it gebiet hast in iuw lang beset holden. Foar militêre beskerming wie Cannes doedestiden oanwiisd op 'e Lérinseilannen, foar de kust, en de skiednis fan Cannes is dan ek nau mei dy fan 'e eilannen ferbûn. Nettsjinsteande dat wiene de sistersjinzermûntsen dy't har op 'e Lérinseilannen fêstige hiene, twongen om te ferhúzjen nei it fêstelân, mei't de eilannen yn it gefal fan in oanfal maklik besingele wurde koene. Yn 'e alfde iuw stie der op Le Suquet in toer dy't útseach oer de sompen dy't no allegear drûchlein en beboud binne. Yn 1035 krige Cannes stedsmuorren en in kastiel, wylst oan 'e ein fan 'e alfde iuw ek úteinset waard mei de bou fan twa fersterke tuorren op 'e Lérinseilannen.
Om 1530 hinne makke de stêd Cannes him los fan it kleaster, dat it plak iuwenlang behearske hie, en waard it in selsstannige politike ienheid binnen it Keninkryk Frankryk. Yn 'e achttjinde iuw besochten sawol de Spanjerts as de Britten de Lérinseilannen te feroverjen, mar de oanfallen waarden troch de Frânsen ôfslein. Letter kamen de eilannen ûnder it bewâld fan 'e biskoppen fan Fréjus. Se tsjinnen troch de iuwen hinne withoefolle doelen; yn 'e 1850-er jierren waard ien fan 'e eilannen bygelyks ynset as hospitaal foar soldaten dy't ferwûne rekke wiene yn 'e Krimoarloch.
Yn 'e njoggentjinde iuw kocht de IngelskeealmanHenry Brougham, 1e baron Brougham en Vaux grûn oan op 'e Croix des Gardes, dêr't er de filla Éléonore-Louise sette liet. Syn krewearjen om 'e libbensomstannichheden fan 'e pleatslike arbeidersklasse te ferbetterjen, loek de oandacht fan oare leden fan 'e Ingelske aristokrasy, dy't yn Cannes ek winterresidinsjes bouwe lieten. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waarden ferskate spoarlinen oanlein dy't inoar by Cannes krústen. Ek krige de stêd doe in systeem fan trams. De Boulevard Carnot en de Rue d'Antibes waarden oanlein, en nei de sluting fan it Casino des Fleurs waard fuort njonken de pier Albert-Édouard in lúkseútgeansgelegenheid boud foar de rike winterkliïntêle: it Casino Municipal.
Yn 1939 wiene der fierfoardere plannen om in filmfestival yn Cannes te stiftsjen, mar it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch makke dat jierrenlang ûnmooglik. Pas yn 1946 waard de earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes holden. Yn 1949 waard it Palais des Festivals et des Congrès boud oan 'e kade fan 'e jachthaven fan Cannes, spesjaal om te tsjinjen as gelegenheid foar it filmfestival en soartgelikense grutte eveneminten. Yn 1983 waard in nij, folle grutter Palais des Festivals et des Congrès boud foar it filmfestival, wylst guon njonkeneveneminten yn it âlde gebou bleaune. It nije gebou, dat de bynamme 'De Bunker' krige, kaam op it plak te stean fan it sloopte Casino Municipal.