It Earste Camminghahûs stie op de top fan de Nijehouterp yn de Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert. Op it steed fan dit hûs stiet yn 2011 in partikulier wenhûs.
De stins soe mooglik al foar de 12e iuw ûntstien wêze. It waard ek Leuwerda Stins, Camminghaburg, Aed Lewerd, Aed Levwerd en it Olde Stins neamd.
Yn de 16e iuw hie it laach Cammingha in fjouwertal stinseftige wenningen yn Ljoeuwert. Dêrfan stienen trije yn de Grutte Tsjerkestrjitte. De stins stie oarspronklik oan de, ein 14e iuw groeven en al lang ferdwûne, Aldegrêft. De earste grêft dy't Nijehou (Ald Ljouwert) omsluet. De mieningen fan ferskate histoarisy ferskille frijwat oer it ûntstean fan de stins. Neffens in stien yn de foargevel fan it hjoeddeiske wenhûs soe de stins boud wêze yn 1171, oaren miene dat dit 1371 wêze moatte soe en wer oaren meitsje der 1571 fan. It boujier 1571 kloppet yn elk gefal net, want de âldste kontrolearbere gegevens binne út 1527.