Bundesautobahn 27

Bundesautobahn 27
Langte: 162 km
Kaart

De Bundesautobahn 27 (koartweg A27), ek wol Schnellfischlinie neamd, is in Dútske autosnelwei dy't fan de Noardseekust by Cuxhaven oer Bremen nei Walsrode ferrint, wêr't er oanslút op de A7. Oer de hiele lingte is de A27 ek as E234 nûmere.

De ein fan de A27 by Cuxhaven.

Meidat de A27 in ferbining foarmet tusken de havens fan Bremen, Bremerhaven en Cuxhaven wurdt dy in soad brûkt troch it frachtferkear.

De A27 ûntstie yn 'e tritiger jierren, doe't tusken 1933 en 1937 it earste grutte trasee oanlein waard. Fan 'e fyftiger jierren oant 1987 waard de wei oanhâldend yn sawol noardlike as súdlike rjochting ferlinge en ferbettere ta ferfanging fan de B6.

Yn novimber 2005 wie de ferbouwing fan 4 nei 6 rydstroken tusken Bremen-Überseestadt en Bremen-Burglesum (ek wol Blocklandautobahn neamd) klear, om de deiske stromen pindelers opfange te kinnen. Dêrby kaam it sels ta ûnienigens tusken Bremen en it stedsje Osterholz-Scharmbeck omdat troch nike bepaadwizering by de ôfrit Ritterhude-Süd it stedsje net mear op de ôfritboerden stie.

It neamen wurdich is ek de ôfrit Bremen-Sebaldsbrück. Dy leit net, sa't efrwachte wurde soe, yn de buert fan de wyk Sebaldsbrück, mar 5 kilometer der ôf by Bremen-Osterholz. Dat is mei opsetsin dien, om ferwikseling mei Osterholz-Scharmbeck foar te kommen.

Keppeling om utens

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!