Brún hier is de op ien nei meast foarkommende soarte fan minsklikhier, nei swart hier. Dizze hierkleur docht him foar yn in wiid ferskaat oan tinten, fan hiel ljochtbrún oant frijwol swart. Brún hier ûnderskiedt him fan oare hiersoarten trochdat it mear fan it dûnkere pigminteumelanine befettet en minder fan it bleke pigmint feomelanine. Brune hierren binne tsjûker as blûne hierren, mar minder tsjûk as reade hierren. Froulju dy't brún hier hawwe, wurde gauris oantsjut as brunettes of brúntsjes (brunette is de sjikere, Frânske foarm fan "brúntsje").