Breedteken

û ê ô â

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

It breedteken, of nei de foarm soms dakje as kapke, is in teken dat yn ferskate talen brûkt wurdt om de krekte útspraak fan in lûd, as soms ek in bylûd, oan te jaan.

Frysk

Yn it Frysk kin it breedteken brûkt wurde op de neikommende lûden:

  • a - âld.
  • e - bêd.
  • o - nôt.
  • u - lûd.

It breedteken wurdt foar it Frysk as in tafoeging beskôge; in letter mei breedteken hat net in apart plak yn it alfabet. It is yn it Frysk dan ek net wisânsje en skriuw in breedteken op in grutte letter.

Esperanto

It Esperanto is in foarbyld fan in taal dêr't it breedteken op bylûden foarkomt:

  • c - ĉar
  • g - ĝis
  • h - eĥo
  • j - ĵus
  • s - ŝuo

It breedteken wurdt foar Esperanto beskôge as part fan de letters; in letter mei breedteken hat in part plak yn it alfabet. Lykwols ûntwikkelet Esperanto him ta in taal mei minder breedtekens. Sa hat him bygelyks foar de ĥ foar de measte wurden in alternatyve útspraak, en dêrmei skriuwwize, ûntwikkele, dat men hoecht dy letter net mear te brûken.

Sjoch ek

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!