Bootsmastate

Bootsmastate of Boythiemastaete stie oan de westkant fan de destiidske buorren fan Kollum, gemeente Kollumerlân, besuden de wei. Fan de state is neat mear werom te finen.

De stins wurdt foar it earst fermelden oan de ein fan de 15e iuw mar moat âlder west hawwe. Oan de ein fan de 15e iuw hearde Bootsmastate oan Ritscke Gauckema alias Boitsma. Syn widdo Geel Bootsma, dy't it hûs nei alle gedachten ynbrocht hie, wertroude mei Sierck Remmersma. Hy stamme út de Dokkumer famylje Remmersma of Riemersma, en wie in broer fan Feye Riemersma alias Meckema, dy't yn Kollum yn de famylje Meckema yntroude. Ek Sierck neamde him nei (it hûs fan) syn frou Bootsma, mar hy hâlde yn syn wapen, it oantinken oan de Dokkumer ôfstamming fan de Remmersma's. Sierck Bootsma komt mei syn soan Hessel Bootsma yn 1515 foar yn in sjarter.

Yn 1518 wurde beide neamd ûnder dejingen dy’t yn ballingskip gien binne om harren Boergondyske prinsipes. It is ûnwis hoenear't Hessel werom kaam yn Kollum, mar yn 1548 wenne hy dêr mei syn twadde frou Mary fan Harinxma thoe IJlst, nei alle gedachten op de state. Yn 1550 wie hy tsjerkfâd mar fielde him sa't it skynt net sa goed, want yn it begjin fan dat jier makke hy syn testamint op. Hy stoar omtrint “Sinte Jacob” (25 july) 1552. As fâd oer syn bern stelde hy syn lyewe myech ("leave miich") Syuck Mellema oan. As tsjûgen wienen der ûndermear de pastoar fan Kollum en de prebendaris fan it Hillich Sakremintslien by oanwêzich. Oan elk fan syn soannen koe hy in s(t)ate neilitte,en fierders noch inkel oar goed yn deselde omkriten: soan Syerck Bootsma krige de sate upten Uutterdyck by Lyoel Phaesma huys, wêrop dizze al wenne mei syn frou Sythke Phaesma, Abbe de sate yn Reduzum dy't hy ek al bewenne, Douwe krige it troch him bewenne Gerbada yn Easterwierrum, en Hayo oandielen yn ferskillend goed yn Achtkarspelen. Syn jongste soan, Epo Bootsma, krige neffens âlde Fryske tradysje it stamgoed Boythiema staete toe Collum. Hessel syn frou, Mary Harinxma, mocht lykwols oant har dea op de state wenjen bliuwe. Hja testearre yn Ljouwert yn 1558 mar is nei 1561 stoarn,. Fan it goed jout hy in wiidweidige beskriuwing. Neamd wurde dye huisinge Boythiema, schuyer, bachuys, het heem, onsen groeten warmoestuyn en onse appelhoff, en de ferskate perselen bou en greide om it hûs. De lizzing fan Bootsma komt yn dizze beskriuwing fierder goed ta utering: meardere hússteden en tunen yn de oangrinzjende Tsjerkebuorren wienen Bootsma-besit, en ek lei der Bootsma-lân yn of by de oangrinzjende goeden Abbema, Syordema en yn de Galgefenne by Nij Meckema. Oant 1616 hearde ek de oangrinzjende Riniafenne by Bootsmastate.

Epo troude ± 1566 mei Riencktien Aesgama en se krigen fiif bern wêrûnder Epo en Gabbe. Dy lêste hat eigener en bewenner fan de state west. Under de Fryske ballingen dy't yn jannewaris 1568 yn Emden wennen, komt ek in Epo fan Bootsma foar. Omdat der destiids mear minsken dy namme droegen, is it net hielendal wis oft dêrmei ‘ús’ Epo bedoeld wurdt. It hat der lykwols de skyn fan, want yn oktober 1582 waard hy ta grytman fan Kollumerlân beneamd. It soarte funksje dat yn de earste jierren nei de reformaasje meastentiids oan eks-ballingen gund waard. Twa jier letter lei hy dizze funksje wer del “om foar Kristus te libjen en kalmte en rêst te genietsjen”. Dêr hat er dan rom de tiid foar hân, want hy libbe noch yn 1601. Rincktien waard noch yn 1610 fermelden as syn widdo en libbe noch yn 1618.

Harren soan “de Capitein Gabbe van Bootsma” en syn frou Juliana Sloet út Drinte bewennen de state en wurde yn oantekeningen fan it jier 1613 en 1617 oantsjutte as “resideerende bij Collum”. Gabbe wie dêr tsjerkfâd yn 1616. Dat se doe noch op de âlde state wennen is net wierskynlik. It goed waard yn 1616 omskreaun as in "schoon hof met fruytboomen ende andere boomen omt heem ende gracht ende poorte, daaronder resorterende 41 pondematen". Der is dan gjin sprake fan in hûs, wêr't út ôflieden wurde kin dat de state foar dat jier al sloopt is. Op it oarspronklike goed rêsten yn 1640 twa stimmen, ien op de hof en ien op de sate (pleats), hearrend oan jonker Ipe fan Bootsma en de erfgenamten fan Gabbe fan Bootsma. Schotanus rekkene yn 1664 Bootsma wol ta de "edele staten". Yn 1689 waard Bootsmastate ende zathe te Collum mei it heale stoelte en legerstee yn de tsjerke ta Collum bûten de famylje ferkocht. Wierskynlik is dus tusken 1640 en 1664 op dit stee in nije state boud. Under it behear fan Bootsma state hearde ek de pretinsje dat de prebende fan it Hillich Sakramint yn de tsjerke fan Kollum stichte wie troch "de Jellema's en Phaesma's ende eenige van Bootsma".

Gabbe, dy't yn 1620 noch gritenij-folmacht wie, skynt foar april 1621 ferstoarn te wêzen. De 16e fan dy moanne skreaunen Pyke fan Wyckel (syn sweager) en Abbe fan Bootsma (in famyljelid) “als g’auctoriseerde voirmonden over d’kinderen van wilen Gabbe van Bootsma” oan de sekretaris fan Kollumerlân dat se “niet consenteren in enige vercopinge van Boelgoederen, vee ofte andere replijcke goederen, voir dat wij sels u.e. daer toe sullen hebben gelastet.” Yn 1640 wienen de trije bern fan Gabbe eigeners fan it earder fermelde “hoff” mei de dêrby hearrende 41 pûnsmiet lân. Bootsmastate hearde doe yn eigendom oan Ipe (meastal as Epo fermelde). Syn dochter Juliana Maria waard letter eigneresse fan al dat goed. Juliana gie earst yn it kleaster, mar troude letter mei Alexandre Chevrier, markys de Montauban, in Frânske kolonel. Nei har hiele fermogen der trochjage te hawwen gie se mei har man nei Frankryk ta. Ek “Bootsmastate en zathe te Collum” waarden te jilde makke krektas “het halve gestoelte en legerstede (grêf) in de Kerk tot Collum”. Ien en oar waard yn 1689 ferkocht oan Epo fan Aylva. Dy syn dochter Juliana Dorothea fan Aylva, widdo Schratenbach, droech dit net-replike goed nei 1722 oer oan Everardus Ulric fan Hanecrooth. Dy wenne hjir yn 1741 noch, mar yn 1742 waard it goed oankocht troch Cornelis fan Scheltinga út It Hearrenfean. Cornelis troude yn datselde jier mei Cecilia Johanna fan Eysinga. Ut de akte fan oerdracht blykt dat de goeden bestienen út “sekere groote Huisinge, schuire, hovinge, boomen en plantagiën”, mei in oerflakte fan 4 pûnsmiet. Der hearde ek 22½ pûnsmiet lân by “gelegen aan de gebuirte van den Dorpe Kollum”. Cornelis sollisitearre yn 1743 nei de funksje fan grytman fan Kollumerlân, mar bea dêr blykber te min jild foar (sokke funksjes moasten foar in soad jild kocht wurde) want hy krige de oanstelling net. Hy sil grif yn “de groote Huisinge” wenne hawwe want yn de tiid fan Andreae om 1885 hinne fûn men op it terrein noch blommefazen mei de wapens fan Fan Scheltinga en Fan Eysinga.

Fan Scheltinga hie meardere bern wêrfan Martinus, dy't op Bootsma State wenne, it better die as syn heit, want hy waard yn 1775 wòl grytman fan dizze gritenij. Hy wie fan doel om by Kollum in fraaie bûtenpleats te stichtsjen, mar troch de ûnrêstige tiden om 1789 waard it wurk mar foar in part útfierd. Yn 1795 waard hy út it amt setten, sette ôf nei Oerisel en troude yn july 1800 yn Weerselo mei Catharina Louise Antoinette Anna barones du Tour fan Bellinchave. Yn 1813 fêstige hy him, tegearre mei syn frou wer yn Kollum. Martinus waard lid fan de Steaten fan Fryslân en stoar yn 1820 wêrnei't hy yn de tsjerke fan Kollum bysetten waard. Syn widdo fêstige har op Feartsicht yn Aldwâld en it hûs waard ôfbrutsen.

Bewenners
  • ± 1500 Ritscke Gauckema alias Boitsma en Geel Bootsma
  • Geel Bootsma en Sierck Remmersma/Bootsma
  • ± 1550 Hessel Bootsma
  • 1552 – 1602 Epo Bootsma
  • 1613 - 1621 Gabbe fan Bootsma
  • 1640 Epo fan Bootsma
  • Juliana Maria fan Bootsma
  • 1689 Epo fan Aylva
  • Juliana Dorothea fan Aylva, widdo Schratenbach
  • 1722 – 1742 Everardus Ulric fan Hanecrooth
  • 1742 Cornelis fan Scheltinga
  • Martinus fan Scheltinga

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • Herma M. van den Berg De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Kollumerland
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!