De blauwe hoanskrobber wurdt yn it frysk ek wol aaifretter as blauwe falk neamd.
Foarkommen
De blauwe hoanskrobber is mei in grutte fan sa'n 43 sm (manstje) oant 51 (wyfke) dúdlik lytser en behindiger as de brune hoanskrobber. De wjukspanwiidte is sa'n 105 sm. De mantsjes waage in 300-400 gram, de wyfkes binne mei 410-710 gram in stik swierder. Mantsjes en wyfkes sjogge der ek hiel ferskillend út. It wyfke is brún en hat ek yn de flecht sichtbere wite boppesturtfearren. Om't sy in bulte liket op it wyfke fan de skiere hoanskrobber en de steppehoanskrobber is se allinne troch bedreaune fûgelders te underskieden.
It mantsje sjocht der fanút de fierte felblau út, se hawwe dúdlik swarte wjukpunten. Fan tichtby is de rêch griis, kop en boarst binne donker griisblau. De jonge fûgels binne brún.
Fersprieding
De blauwe hoanskrobber komt yn hiel Jeropa en in grut part fan Aazje foar. Wol is it sa dat harren libbensgebiet bot troch de it brûken fan de minsken bot achterút giet. De fûgels hâlde fan iepen gebieten sa as heide en foaral sompen mei grutte reitfjilden. Yn Noard-Amearika komt ek in besibbe soart foar.
De blauwe hoanskrobber is in seldsume briedfûgel yn Nederlân. It soarte hat in oantal briedplakken op de Waadeilannen, yn de Oostvaardersplassen en tige ferspraat yn it noarden fan Nederlân, yn totaal yn 2000 heechút 100 pear.
De blauwe hoanskrobber hat syn nêst op de grûn. Faak yn hege fegetaasje dy't beskerming biede moat tsjin de foks. It wyfke leit ein april as maaie fjouwer oant seis aaien. De aaien wurde om de twa dagen lein. De aaien wurde yn 29-31 dagen troch it wyfke útbredt. It mantsje soarget foar it iten dat troch it wyfke oannaam wurdt troch in mantsje in lyts stikje yn de mjitte te fleanen en de proai oer te nimmen. Neidat de jongen útkaam binne duorret it noch 37 dagen foar't se fleane kinne. Ek dêrnei bliuwe se faak noch in skoftsje by it nêst yn de buert.
It oantal briedpearen yn Nederlân sakket sterk sûnt 1993. De fûgelsoarte, hoewol ynternasjonaal gjin bedrige soarte, stiet dêrom as gefoelich op de Nederlânske reade list. Yn 2019 wiene der noch mar 13 briedpearen yn Nederlân. As wintergast wiene der sa'n 400-800 blauwe hoanskrobers yn Nederlân, wêrfan sa'n 100 y Fryslân.
Oerwinterders
Yn de winter komme Skandinavyske blauwe hoanskrobbers Fryslân binnen om te oerwinterjen. Se jeie hjir dan op fjildmûzen.