De perioade op basis wêrfan't de Billboard Hot 100 gearstald wurdt, rûn oarspronklik fan moandei oant en mei snein doe't it bedriuwNielsen yn 1991 úteinsette mei it byhâlden fan 'e ferkeapsifers, mar yn july2015 waard dy perioade feroare yn freed oant en mei tongersdei. Deselde perioade foar it fêstlizzen fan data jildt ek foar online streaming media. Hoefolle útstjoertiid oft op 'e radio oan in beskaat nûmer bestege wurdt ('airplay'), wurdt byholden yn in syklus dy't fan moandei oant en mei snein rint (foarhinne woansdei oant en mei tiisdei). Billboard stalt eltse tiisdei in nije Hot 100-hitlist gear en makket dy deselde deis noch iepenbier.