De Aube is in rivier yn Frankryk, in rjochter sydrivier fan de Seine. De rivier is 248,9 kilometer lang. [1] De rivier jout syn namme oan it departemint Aube. De boarne leit yn it departemint Haute-Marne, op it plato fan Langres, by de stêd Auberive. De Aube streamt troch de departeminten Haute-Marne, Côte-d'Or, Aube en Marne en mûnet út yn de rivier de Seine by Marcilly-sur-Seine. Stêden lâns de rivier binne ûnder oare Bar-sur-Aube en Arcis-sur-Aube.