Arnold Pick

Arnold Pick

Arnold Pick (Velké Meziříčí, 20 july 1851 - Praach, 4 april 1924) wie in Dútsk neurolooch en psychiater. Hy waard bekend fan it beskriuwen fan de sykte fan Pick (in foarm fan demintens) en de bealchjes fan Pick, dy't doe as karakteristyk foar dy sykte beskôge waarden.

Libben

Pick studearre yn Wenen en wie ko-assistint by Theodor Meynert. Hy helle yn 1875 syn doktersbul en wie assistint by Carl Friedrich Otto Westphal yn Berlyn; dêr wurke op dat stuit ek de neurolooch Carl Wernicke. Dy beide beynfloeden Pick syn iere wurk oer afasy. Fan 1875 ôf wurke er yn de Grossherzogliche Oldenburgische Irrenheilanstalt (no Landeskrankenhaus) yn Wehnen yn de gemeente Bad Zwischenahn. Yn 1877 waard Pick frege om yn it Landesirrenanstalt yn Praach (Katerinke) te wurkjen en hy waard 1878 dosint psychiatry en neurology oan de universiteit fan Praach.

In 1880 werd Pick direkteur fan het Landsdolhuis in Dobřany en yn 1886 heechlearaar en lieder fan de psychiatryske klinyk fan de Praagske universiteit.

Hy waard 1887 opgenaam yn de Leopoldina.

Pick stoar yn 1924 oan in sepsis nei in galstienoperaasje.

Wittenskiplike betsjutting

Pick hat wiidweidich ûndersyk die nei pasjinten mei psychiatryske syktebylden; fral syn ûndersyk nei de kortikale lokalisaasje fan spraaksteurnissen krige ynternasjonale erkenning. Neist 350 wittenskiplike publikaasje skreau Pick in learboek oer de patology fan it senuwstelsel.
Pick arbeide nau op mei Otto Kahler, teffens heechlearaar yn Praach. Yn 1880 ûntdutsen sy de oardening fan senuwtriedsjes yn de tractus spinothalamicus (de Wet fan Kahler-Pick).

Pick beskreau it byld fan frontotemporale demintens (FTD), in degenerative breinsykte, dy't as sykte fan Pick oantsjut waard. De yntraneuronale komponinten út antystoffen en neurotubuly dy't sy beskreaune waarden bealchjes fan Pick neamd. Dy komme útsoarte net allinne by siken, mar ek by sûne minsken foar. De term 'sykte fan Pick' wurdt dêrom hieltiid minder brûkt.

Wurk

  • Beiträge zur Pathologie und pathologischen Anatomie des Centralnervensystems, mit Bemerkungen zur normalen Anatomie desselben. Berlyn, Karger, 1898.
  • Studien zur Gehirnpathologie und Psychologie. Berlyn, 1908.
  • Über das Sprachverständnis. Leipzig, Barth, 1909.
  • Die agrammatischen Sprachstörungen; Studien zur psychologischen Grundlegung der Aphasielehre. Berlyn, Springer, 1913.
  • Ueber primäre chronische Demenz (so. Dementia praecox) im jugendlichen Alter. Prager medicinische Wochenschrift, 16, 312—15, 1891

Literatuer

  • Kertesz A., Kalvach P.: Arnold Pick and German neuropsychiatry in Prague. Arch Neurol. 1996 53: 935-938.

Keppeling om utens

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!