Aristoteles

Aristoteles, in moarmeren kopy fan in brûns troch Lissipos. Museum Louvre

Aristoteles (Stagira, yn Halkidiky, Grikelân 384 f.Kr. - Chalicis, Euboea, Grikelân, 7 maart 322 f.Kr.) wie in Gryksk filosoof dy't yn 't algemien, njonken Plato, beskôge wurdt as ien fan de wichtichste filosofen yn it ramt fan westlik tinken. Syn ideeën oer it goede ('de gulden middenwei'), God ('de earste beweger'), it lichem ('de kerker fan de siel') en de natoer ('alles stribbet nei perfeksje') wurde noch hieltyd bestudearre. Hy jildt as heit fan de logika, de politikology, fan de semiotyk (tekenlear), fan de geology en fan it natuerûndersyk.

Tradysje

Aristoteles syn heit, Nikomachus, wie dokter fan kening Amyntas fan Masedoanje. Aristoteles folge in tradysje dy't de trije grutste filosofen fan Grikelân opsmiten hat. De earste fan dy trije wie Sokrates. Ien fan de learlingen fan Sokrates wie Plato. En Aristoteles libbe fan syn achttsjinde oant syn sân-en-tritichste yn Atene as wie er in learling fan Plato. It wurk fan har trijen makket de iere Grykske filosofy ta it de begjin fan de hjoeddeiske Westlike filosofy.

Ideeën

Op guon punten hie Aristoteles al oare ideeën as syn foargongers. Oars as it dualisme fan Plato seach Aristoteles de wrâld as ien gehiel: de siel wie ferbûn oan it lichem, de idee bestie allinnich yn syn manifestaasjes. De atomyske teory fan Leukippos en Demokritus akseptearre er ek net. Hy folge mear de elemintale teory fan Empedokles.

Erfskip

Aristoteles joech ûnderrjocht oan Aleksander de Grutte, dy letter it folsleine Heine Easten bemastere hat.

It grutste part fan Aristoteles syn erfskip wurdt hjoed de dei noch hieltyd brûkt by petearen en ûnderrjocht. Guon fan syn wichtichste wurken binne: Fysika, Metafysika, Etyk, Polityk, De Anima (Op 'e Siel) en Poëtika. Neffens guon boarnen hat Aristoteles likernôch 150 filosofyske boeken skreaun.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!