De Ardinnen (fan it KeltyskeArduenna foar heechlân) is in natoergebiet yn it súdeasten fan Belgje en foar in lyts part yn de oanswettende lannen Frankryk en Lúksemboarch. It heechste punt fan de Ardinnen (en ek fan Belgje) is de Sinjaal fan Botrange mei 694 m. Yn it easten grinst de Ardinnen oan de Eifel in Dútsktalich Belgje en Dútslân. Yn de Ardinnen binne û.o. wylde baargen, harten, rôffûgels, lynksen en bevers te finen. De wichtichste rivier bin de Maas.